Balgoij (ek: Balgoy) is in doarpke yn 'e Gelderske gemeente Wijchen.
Skiednis thumb|left|It eartiidske Hûs yn BalgoijJacobus Stellingwerff. It doarp ûntstie oan in igge fan 'e Maas. Yn 'e 13e iuw waard dêr in kastiel oan 'e noardkant oan in fersâne earm fan 'e Maas boud. Dat kastiel waard healwei de 14e iuw likernôch 500 m súdeastlik fan 'e âlde lokaasje as it Hûs yn Balgoij op 'e nij boud. Eartiids lei it plak tusken twa tûken fan 'e Maas, mar al foar 1200 rekke de noardlike rivierearm ôfsnien fan 'e rivier. Dy is yn it lânskip as de Broeksleat en de Balgoijske Wjittering noch te werkennen.
Tegearre mei it plakje Keent foarme Balgoij in hege hearlikheid. Balgoij wie mei de Mûnestrjitte (Molenstraat) ferbûn mei dat plakje.
De beide plakken bleaune oant 1 maaie 1923 feriene yn 'e gemeente Balgoij. Dat jier waard de gemeente yn 'e gemeente Overasselt opnommen. Keent waard yn 1937 troch kanalisaasje fan 'e Maas fan 'e gemeente ôfsnien en yn 1958 definityf by de Noardbrabânske gemeente Ravenstein yndield. Nei in referindum yn 1977 stimde in mearderheid fan it doarp Balgoij foar it oansluten by de gemeente Wijchen, dat yn 1980 plakfûn.
Oan 'e râne fan it doarp stiet in letmidsiuwske toer fan 'e yn 1914 ôfbrutsen tsjerke. Yn datselde jier waard de hjoeddeiske Sint-Jan de Dopertsjerke oan 'e oare kant fan it doarp neffens it ûntwerp fan 'e Tilburchske arsjitekt Jan van der Valk foltôge.
It besjen wurdich Njonken de Sint-Jehannestsjerke en de âlde toer binne der in oantal âlde pleatsen it besjen wurdich. Yn 'e toer fan 'e âlde tsjerke troch de feriening Pagus Balgoye regelmjittich eksposysjes organisearre.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Wijchen Kategory:Plak yn Gelderlân