De Souvenir Jacques Goddet is in spesjale priis yn de Omgong fan Frankryk dy't sûnt 2001 útrikt wurdt en neamd is nei Jacques Goddet, de twadde direkteur fan de omgong. De priis wurdt útrikt oan de hurdfytser dy't as earste 2,115 m hichte berikt, de priis wurd sûnt 2008 standert op de Tourmalet yn de Pyreneeën útrikt. De Switserske hurdfytser Sven Montgomery wie yn 2001 de earste winner fan de priis. Yn 2002 waard de priis útrikt oan de fytser dy't as earste 1,709 meter berikte op de Col d'Aubisque en yn 2007 lei de meet foar de priis op 2,001 meter hichte op de Port de Pailhères.
Jier Berch Winner 2001 Tourmalet Sven Montgomery 2002 Col d'Aubisque Laurent Jalabert 2003 Tourmalet Sylvain Chavanel 2006 Tourmalet David de la Fuente 2007 Port de Pailhères Rubén Pérez 2008 Tourmalet Rémy Di Gregorio 2009 Tourmalet [De winner fan de priis de Italjaanske hurdfytser Franco Pellizotti, waard posityf befûn op it brûken fan doping, syn resultaten en prizen fan 2009 waarden skrast.] 2010 Tourmalet Christophe Moreau 2011 Tourmalet Jérémy Roy 2012 Tourmalet Thomas Voeckler 2014 Tourmalet Blel Kadri 2015 Tourmalet Rafał Majka 2016 Tourmalet Thibaut Pinot 2018 Tourmalet Julian Alaphilippe 2019 Tourmalet Thibaut Pinot 2021 Tourmalet Pierre Latour 2023 Tourmalet Tobias Halland Johannessen 2024 Tourmalet Oier Lazkano 2025 Tourmalet Lenny Martinez 2026 Tourmalet Tadej Pogačar
Sjoch ek De "Souvenir Henri Desgrange", neamd nei de earste direkteur fan de omgong, Jacques Goddet, is in gelikense priis dy't sûnt de omgong fan Frankryk 1947 takend wurdt.
Kategory:Omgong fan Frankryk Kategory:Frânske sportpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2001