Valburg is in doarp en eardere gemeente yn 'e gemeente Overbetuwe yn 'e provinsje Gelderlân.
Skiednis Valburg ûntstie op in hichte yn it lânskip fan Pleistoseensân. De âldste fermelding fan Valburg datearret út 793 yn in skinkingsakte oan it kleaster Lorsch: de tekst neamt it plak Falburc marca.
Tichteby stie eartiids it kastiel Musschenberg. Ek it kastiel Valburg, eigendom fan 'e famylje Ingen Nulandt, is ferdwûn. Lânhûs De Mellard bestiet lykwols noch jimmeroan.
De âldste fermelding fan in parochy datearret út 1322, mar de âldste dielen fan 'e midsiuwske tsjerke datearje út 'e 12e iuw.
Yn 'e 17e en 18e iuw wie de bou fan tabak wichtich; "tabac de Valbourg" wie yn Parys tige bekend.
De gemeente Valburg waard op 1 jannewaris 1818 oprjochte út in part fan 'e gemeente Elst en in part fan 'e tagelyk ophefte gemeente Herveld. Op 22 maaie 1854 waard de gemeente útwreide mei it gebiet fan 'e ophefte gemeente Loenen en Wolferen . Op 1 jannewaris 2001 waard de gemeente Valburg ûnderdiel fan 'e nije gemeente Overbetuwe. Op dat stuit bestie Valburg út 'e doarpen Andelst (gemeentehûs), Hemmen , Herveld , Oosterhout (foar in part), Slijk-Ewijk , Valburg en Zetten.
It besjen wurdich De protestantske tsjerke is de midsiuwske tsjerke út de 12e iuw, allinnich de toer en de ûnderste dielen fan it tsjerkegebou datearje noch út dy tiid. De standermûne Nieuw Leven datearret fan 'e 18e iuw. De neogoatyske Jakobus de Mearderetsjerke is de roomsk-katolike tsjerke, dy't boud waard yn 1888 neffens ûntwerp fan Alfred Tepe.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Overbetuwe Kategory:Plak yn Gelderlân