De gielkinparkyt (Polytelis swainsonii) of Barrabandparkyt is in fûgelsoarte yn it skaai echte pronkparkiten út 'e famylje pappegaaien fan 'e Alde Wrâld (Psittaculidae). De wittenskiplike namme ferwiist nei de Britske natuerûndersiker William Swainson.
Skaaimerken De likernôch 40 sm grutte parkyt weaget 133 oant 157 gram en is meast grien. It mantsje hat giel op 'e foarholle en op it gesicht oant op 'e kiel. Dêrûnder sit in reade bân. Op 'e hat it mantsje ek wat ljochtblau. De snaffel is readrôze. De wjukken binne grien mei donkerblau en ljochtblau en de ûnderkant fan 'e sturt is swart. Folwoeksen wyfkes ha in feal blaugrien gesicht en in griisgiele kiel. In oar ferskil is dat it mantsje in oranje iris hat en it wyfke in brún iris.
Fersprieding thumb|left|In stik fan it Boorowa-spoar, dat no it habitat fan 'e gielkinparkyt is. De gielkinpapegaai is in endemyske soarte yn Austraalje. It habitat fan 'e fûgel bestiet út drûge bosken fan Nij-Súd-Wales en Fiktoaria.
Hâlden en dragen De soarte briedt yn beamholtes net fier fan wetter en heech fan 'e grûn. Se binne net agressyf neiinoar en se briede faak yn lytse koloanjes fan likernôch seis pearkes. Bûten de briedtiid wurde kloften fan wol 200 fûgels sjoen. Se binne moarns en yn 'e neimiddei it meast aktyf en se rêste yn 'e hegere dielen fan beammen. Se ite meast sied en dêrnjonken ek fruchten, beien, nuten, nektar en blommen en ynsekten.
Status Yn it ferline hat de fûgel in flinke krimp fan it ferspriedingsgebiet meimakke. Yn Fiktoaria binne de fûgels oan it begjin fan 'e 20e iuw út de sintrale en súdlike gebieten ferdwûn. Ek binne de oantallen yn it noarden fan Fiktoaria tebekrûn. Sûnt de jierren 1960 ferlear de soarte ek yn 'e omkriten fan Parkes yn Nij-Súd-Wales terrein. Yn oare gebieten binne der lykwols tanames fan 'e soarte waarnommen. Yn 'e jierren 1990 waard it oantal pearkes op minder as 5.000 rûsd en fanwegen it tebekrinnen fan 'e soarte waard yn 2000 tocht dat de populaasje út noch mar 6.500 fûgels bestie. In stúdzje fan in systematysk ûndersyk fan 23.000 km² habitat wiisde lykwols út dat de populaasje folle grutter is en in hoeden rûzing giet sûnt út fan in populaasje fan teminsten 10.000 fûgels (2010). De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre (2018).
Kategory:Echte pronkparkyt Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje