De regintparkyt (Polytelis anthopeplus) is in fûgelsoarte yn it skaai echte pronkparkiten út 'e famylje pappegaaien fan 'e Alde Wrâld (Psittaculidae).
Skaaimerken Regintparkiten wurde likernôch 37 oant 42 sm lang en mantsjes en wyfkes binne ienfâldich te ûnderskieden. Mantsjes binne oer it generaal gieler en wyfkes binne mear grien fan kleur, fral oan 'e kop en it bealchje. De sturt is boppe grien en blau, mar ûnder swart.
Fersprieding De soarte is endemysk yn Austraalje en bestiet út twa aparte populaasjes, dy't elts in ûndersoarte fertsjintwurdiget:
Polytelis anthopeplus anthopeplus: súdwestlik Austraalje. Polytelis anthopeplus monarchoides: súdeastlik Austraalje oan rivieren fan Nij-Súd-Wales, noardwestlik Fiktoaria en súdeastlik Súd-Austraalje.
It habitat bestiet út drûge bosken en savanne's.
Status De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (LC, 2024) klassifisearre. De populaasje fan 'e ûndersoarte anthopeplusis wurdt op 20.000 fûgels rûsd en is nei alle gedachten stabyl. De populaasje fan 'e ûndersoarte monarchoides wurdt op 1.500 yndividuen rûsd (Garnett en Crowley 2000) en nimt nei alle gedachten ôf.
Foliêrefûgel De soarte waard yn 1864 foar it earst yn Europa ynfierd troch de dieretún fan Londen. De earste briedsuksessen wiene yn 1880. De fûgels ha romme fûgelhokken nedich. Se binne net geskikt foar de net sa betûfte fersoarger of om yn 'e hûs te hâlden.
Kategory:Echte pronkparkyt Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje