Zygmunt Skwirczyński, ek Sigmund Ritter von Skwirczynski (1868-1938) wie in Poalske karikaturist.
Libben en wurk Der is hast gjin ynformaasje beskikber oer Zygmunt Skwirczyński. In pear karikaturen fan him binne bewarre bleaun, dy't yn Eastenrykske tydskriften ferskynden út de tiid dat er yn Wenen tahold.
Yn 1908 rapportearre hy oer de keunsttentoanstelling mei ferskate karikaturen dy't er ynbrocht ûnder de namme Siegmund Skwirczynski yn it humoristyske wykblêd Die Muskete (1905-1941), ynklusyf in karikatuer fan Gustav Klimt (1862–1918) syn skilderij fan Adele Bloch-Bauer. Yn de Earste Wrâldoarloch melde er him frijwillich oan om te wurkjen foar it kaiserlich und königliche Kriegspressequartier ûnder de namme Sigmund Ritter von Skwirczynski.
Yn it tuskenoarlochske tiidrek (ynterbellum) tekene er yn 1920 1931 en 1935 deputearren fan 'e Sejm (Poalske lândei) yn Warsjau ûnder de namme Zygmunt Skwirczyński.
Galery
Kategory:Poalsk cartoonist Kategory:Persoan berne yn 1868 Kategory:Persoan stoarn yn 1938