De Afrikaanske dwerchmûs (wittenskiplike namme: Mus minutoides) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus). Dit bistke is lânseigen yn it meastepart fan Afrika besuden de Sahara. It is in tige lytse mûs mei in omnivoar dieet, dy't yn koloanjes of yn pearkes libbet en benammen yn 'e skimer en nachts aktyf is. De IUCN klassifisearret de Afrikaanske dwerchmûs as net bedrige, mei't it ien fan 'e algemienste mûzesoarten fan it kontinint is. Bûten Afrika wurdt de Afrikaanske dwerchmûs ek wol as húsdier holden.
Taksonomy De Afrikaanske dwerchmûs waard yn 1834 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Skotske soölooch Andrew Smith. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme, minutoides, betsjut "lykjend op 'e nôtmûs" (Micromys minutus). Dat mei sa wêze, mar de Afrikaanske dwerchmûs en de nôtmûs binne net nau besibbe. De nauste famyljebân ûnderhâldt de Afrikaanske dwerchmûs mei de temminckmûs (Mus musculoides), in oare Afrikaanske soarte, dêr't er in soartekompleks mei foarmet.
Fersprieding De Afrikaanske dwerchmûs is lânseigen yn it grutste part fan Afrika besuden de Sahara. Dit bistke ûntbrekt lykwols yn 'e Sahelsône fan West- en Sintraal-Afrika, en teffens yn 'e Hoarn fan Afrika. De noardgrins fan 'e fersprieding is in ridlik rjochte line fan westlik Guinee nei noardeastlik Kenia, dy't dêrwei ôfbûcht nei it suden om 'e súdpunt fan Somaalje noch mei te nimmen. Afrikaanske dwerchmûzen komme inkeld foar op it Afrikaanske fêstelân, en misse dus op eilannen as Madagaskar, de Komoaren, Bioko, Sao Tomee en Prinsipe en de Kaapverdyske Eilannen.
Uterlike skaaimerken De Afrikaanske dwerchmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 5 sm, mei in sturtlingte fan 4–6 sm en in gewicht fan 5 g. De pels is griis oant readbrún op 'e boppeste dielen fan it lichem (kop, nekke en rêch), en wyt op 'e ûnderste lichemsdielen (snút, kin, kiel, boarst, bealch en poatsjes). De sturt is frijwol keal en hat dúdlik sichtbere skobringen. De earkes binne rûn en yn ferhâlding ta it lichem frij grut. De eagen binne grut en swart. De noas en de soallen fan 'e poaten binne rôze.
Biotoop Afrikaanske dwerchmûzen libje op 'e iepen savanne en de mei wat fersille pôlen strewelleguod begroeide steppe, salang't der mar genôch lang gers is om harren beskûl te bieden. In betingst foar har oanwêzigens is wol dat der oerflaktewetter yn 'e neite wêze moat. Dêrnjonken komt dit bistke ek yn 'e neite fan 'e minske op kultuerlân foar, dêr't er graach op mei lânbougewaaksen lykas gierst beplante ikkers libbet.
Hâlden en dragen De Afrikaanske dwerchmûs is in tige sosjaal bistke, dat yn koloanjes of yn pearkes libbet, mar beslist net allinnich. Hy graaft in ûndergrûnske hoale om yn te wenjen, soms mei wiidweidige gongestelsels alle kanten út. Hy is sawol oerdeis as nachts aktyf, mar komt dochs it measte yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage en yn it nachtlik tsjuster op 'e lapen.
Nettsjinsteande dat er sa lyts is, kin de Afrikaanske dwerchmûs út stilstân wei oant 50 sm fier springe, wat er docht as er earne kjel fan wurdt. Ek is er in tige behindige klimmer. Yn drûge gebieten hat er it foar de moade en steapelje keizelstientsjes foar de yngong fan syn hoale op. Nachts reitsje dy wiet fan 'e dau, en yn 'e moarntiid slikket de Afrikaanske dwerchmûs dat wetter op.
De Afrikaanske dwerchmûs hat gjin spesifike peartiid, mar kin him by foldwaande besikberens fan fretten it hiele jier troch fuortplantsje. Der is datoangeande ek gjin ôfhinklikheid fan 'e reintiid. De draachtiid duorret 19–20 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan almeast 2–4 jongen smyt. Dy wurde blyn, dôf, keal en helpleas berne. Se hawwe trochinoar in gewicht fan 0,8 g by de berte. De jongen wurde mienskiplik troch de hiele koloanje grutbrocht. Mei 8 dagen begjint it hier te groeien en mei 12 dagen geane de eachjes iepen. Mei 16–18 dagen is de pels yngroeid en mei likernôch 21 dagen binne se ôfwûn.
Jonge Afrikaanske dwerchmûzen binne mei 5–8 wiken al geslachtsryp, dat se kinne binnen 2 moannen nei de berte oan 'e fuortplanting dielnimme. Afrikaanske dwerchmûzen hawwe yn it wyld in libbensferwachting likernôch 2 jier, hoewol't guon yndividuën yn finzenskip mear as 4 jier libbe hawwe.
Fretten De Afrikaanske dwerchmûs is in omnivoar, wêrfoar't sieden, fruchten en ynsekten op it menu steane. Yn finzenskip wurdt de bistkes gierst, lynsied en sinneblommepitten foarset, oanfolle mei stikjes apel, banaan en mango en teffens mei imerkes en moalwjirms (de larven fan 'e moalkrob).
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Afrikaanske dwerchmûs binne ferskate soarten martereftigen, de kateftige serval (Leptailurus serval) en ferskate soarten haukfûgels en ûlen.
Status De Afrikaanske dwerchmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Domestisearring Bûten Afrika wurde Afrikaanske dwerchmûzen wol as húsdieren holden. De bistkes binne net útsûndlike skou; sadree't se oan in sitewaasje wend reitsje en trochkrije dat har neat oerkomt, negearje se minsklike aktiviteiten yn har neite.
Afrikaanske dwerchmûzen binne maklik yn 'e fersoarging, mar kinne net oppakt wurde om't se sa lyts en tear binne dat se by it minste of geringste al ynterne ferwûnings oprinne. Ek it feit dat se hiele einen fuortspringe as se skrikke, is net befoarderlik foar in goede ôfrin as se oppakt wurde. It is dêrom de baas en hâldt dizze bistke yn in oerdutsen terrarium, dêr't se feilich binne en net út ûntsnappe kinne. Moatte se dochs ris beetpakt wurde, dan wurdt oanrikkemandearre om se by de sturt, ticht by it lichem fêst te hâlden.
Men moat der om tinke dat it sosjale bistkes binne, dy't weikwine as se allinnich holden wurde. Dêrom moatte se altyd yn pearkes en better noch yn lytse koloanjes holden wurde. It handichst is it miskien om in stikmannich wyfkes te hâlden, sadat se har net fuortplantsje kinne. Der kinne ek ferskate mantsjes holden wurde, mar allinnich as der teminsten likefolle wyfkes binne, oars begjinne se te tsieren. It letter tafoegjen fan in nij yndividu oan in besteande groep jout yn 'e regel swierrichheden en wurdt dêrom ôfret. It kin lykwols dien wurde as der ferskate nije yndividuën tagelyk yntrodusearre wurde nei't it terrarium folslein op 'e nij ynrjochte is, sadat de âlde mûzen it as in nij territoarium sjogge en net de oanstriid fiele om it tsjin 'e nijynkommelingen te ferdigenjen.
Undersoarten De Afrikaanske dwerchmûs liket in monotypyske soarte te wêzen, d.w.s. in soarte dy't gjin ûndersoarten hat. Guon soölogen beskôgje lykwols de temminckmûs as in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske dwerchmûs. De temminckmûs kriget yn dat systeem de wittenskiplike namme Mus minutoides musculoides, wylst de "gewoane" Afrikaanske dwerchmûs de wittenskiplike namme Mus minutoides minutoides kriget.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte mûs Kategory:Húsdier Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda