De Frijsteatske dwerchmûs (wittenskiplike namme: Mus orangiae) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus). Dit tige lytse bistke komt foar yn 'e súdpunt fan Afrika. Lange tiid waard de Frijsteatske dwerchmûs as in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske dwerchmûs (Mus minutoides) beskôge. It is in omnivoar nachtdier, dat libbet op iepen gersflakten. De IUCN klassifisearret de Frijsteatske dwerchmûs as net bedrige.
Taksonomy De Frijsteatske dwerchmûs waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1926 troch de Súdafrikaanske soölooch Austin Roberts. De wittenskiplike namme dy't er it bistke joech, Mus orangiae, ferwiist nei de Oranje Frijsteat, dat yn 'e njoggentjinde iuw in ûnôfhinklik lân wie stifte troch de Afrikaners, en letter in provinsje fan Súd-Afrika. Sûnt de 1990-er jierren hjit it gebiet koarwei de Frijsteat.
Lange tiid waard oannommen dat de Frijsteatske dwerchmûs eins in ûndersoarte wie fan 'e op it Afrikaanske kontinint algemiener foarkommende Afrikaanske dwerchmûs (Mus minutoides). In ûndersyk út 2014 brocht lykwols oan it ljocht dat der by spesimina yn museä dy't de Afrikaanske dwerchmûs tarekkene waarden, trije ûnderskate karyotypes (gebitsfoarmen) foarkamen. Dat betsjutte dat it ek om trije ûnderskate soarten gie. Ien fan 'e soarten dy't op basis fan dat ûndersyk erkend waarden, wie de Frijsteatske dwerchmûs.
Fersprieding Frijsteatske dwerchmûzen komme foar yn it sintrale diel fan Súd-Afrika, yn 'e provinsje Frijsteat (foarhinne de Oranje Frijsteat), en teffens yn it noarden fan 'e provinsje East-Kaap. Dêrnjonken is dit bistke ek lânseigen yn it meastepart fan it alhiel troch Súd-Afrika omsletten lân Lesoto, útsein de eastlike grinsregio.
Uterlike skaaimerken De Frijsteatske dwerchmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 5,2–6,9 sm, mei in sturtlingte fan 3,6–4,0 sm en in gewicht fan 8 g. De earen binne rûn en mei in lingte fan 0,9–1,4 sm yn ferhâlding ta it lichem frij grut. De efterpoaten mjitte 1,2–1,4 sm yn lingte. De snút is frij spits en de snorhierren binne lang. De wyfkes hawwe 4 pear oeren. De pels is op 'e boppeste lichemsdielen readbrún, hoewol't troch de swarte úteinen fan yndividuele hierren op 'e rêch in suver spikkelbûnt oansjen ûntstiet. De ûnderste lichemsdielen binne wyt.
Biotoop De Frijsteatske dwerchmûs libbet op 'e iepen gersflakten. Hy hâldt him dêr op 'e grûn op, middenmank it lange gers, dat er as beskutting brûkt tsjin rôfdieren.
Hâlden en dragen Oer it hâlden en dragen fan 'e Frijsteatske dwerchmûs is net folle bekend. Dit bist is in nachtdier, dat by dei útrêst yn in spjalt tusken de ûnderskate dielen fan in rotsformaasje of yn in hoale dy't makke is yn in termiteheuvel. By nacht komt er foar it ljocht om te foerazjearjen.
De fuortplanting fan 'e Frijsteatske dwerchmûs is foar soölogen noch hielendal in ûnbeskreaun blêd. Mar de nau besibbe Afrikaanske dwerchmûs (Mus minutoides) hat gjin fêste peartiid en kin him by foldwaande besikberens fan fretten it hiele jier troch fuortplantsje. It leit yn 'e reden dat soks foar de Frijsteatske dwerchmûs krekt-en-gelyk it gefal wêze kin. De draachtiid duorret by de Afrikaanske dwerchmûs 19–20 dagen, en de smeetgrutte is 2–4 jongen dy't mei likernôch 21 dagen ôfwûn wurde.
Fretten De Frijsteatske dwerchmûs is in omnivoar, dy't benammen sieden fan gerzen en krûden fret, mar ek wol fruchten en ynsekten.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Frijsteatske dwerchmûs binne ferskate soarten martereftigen, de kateftige serval (Leptailurus serval) en ferskate soarten haukfûgels en ûlen.
Status De Frijsteatske dwerchmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten De Frijsteatske dwerchmûs is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin (bekende) ûndersoarten binne.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte mûs Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto