Johan Frederik George Knorr (Boalsert, 2 jannewaris 1930 – Alkmaar, 6 juny 2007) wie in Nederlânske politikus fan de ARP en letter it CDA.

Karriêre Knorr begûn syn amtlike karriêre by de provinsjale griffy fan Fryslân en wie fan 1954 oant 1956 wurksum as kommys by de gemeentesekretary fan Barradiel. Dêrnei wurke er foar de gemeente Heiloo dêr't er it brocht ta haadkommys A en sjef fan de ôfdieling algemiene saken. Yn septimber 1966 waard Knorr de boargemaster fan Andyk en yn novimber 1975 folge syn beneaming ta boargemaster fan Wieringermar. Nei in konflikt mei de gemeenteried oer syn nije wenning yn Heiloo wêrtroch't er bûten de gemeente dêr't er boargemaster fan wenjen gien wie, gie er yn 1992 mei sykteferlof. Yn oktober fan dat jier waard Henk van het Kaar, boargemaster fan Skermer, ek waarnimmend boargemaster fan Wieringermar. Knorr kaam net mear werom en yn septimber 1993 waard him ûntslach jûn wêrnei't er earder mei pinsjoen gie.

Mids 2007 ferstoar er yn de âldens fan 77 jier.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:ARP-politikus Kategory:CDA-politikus Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Boalsert Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2007