thumb|Foto fan trije Lazen om it jier 1900 hinne De Lazen of Lazaren (Lazysk: ლაზი Lazi of ლაზეფე Lazepe) binne in Súdkaukazysk folk, dêr't de mearderheid fan oan 'e eastkant fan 'e Swarte See yn Turkije en Georgje wennet. Yn 'e rin fan 'e jierren hat in grut part fan 'e Lazen him ferspraat oer Turkije, fanwegen de minne ekonomyske foarútsichten yn it eastlike diel fan it Swarte See-gebiet.

Yn 'e histoaryske regio Lazistan libje neist Lazen minsken fan oare etnyske komôf, lykas Abkhaziërs, Armenen, Hamsjeny's, Georgiërs, Pontyske Griken en Turken. Dat, yn kombinaasje mei it feit dat in protte Lazen no bûten har oarspronklike wengebieten libje, betsjut dat it oantal Lazen yn Turkije allinnich rûsd wurde kin. Sokke skattingen fariëarje fan 45.000 oant 500.000:

Feurstein (1983) sprekt fan 250.000 LazenFeurstein, W. (1983) Untersuchungen zur Materiellen Kultur der Lazen (ongepubliceerde dissertatie [Magisterarbeit], Albert-Ludwigs-Universitat, Freiburg.; Andrews (1989) sprekt fan 45.000 LazenAndrews, Peter (ed.). (1989), Ethnic Groups in the Republic of Turkey. Wiesbaden: Dr. Ludwig Reichert Verlag. pp. 497-501.; Holisky (1991) sprekt fan ferskate skattings oant in heal miljoen LazenHolisky, D. A. (1991). "Laz", in: Harris, Alice C. (ed.), The Indigenous Languages of the Caucasus. Bd.1: The Kartvelian Languages. Delmar/New York: Caravan Books (Anatolian and Caucasian Studies), 395–472..

Yn 'e Sovjet-Uny waarden yn 'e folkstelling fan 1926 643 Lazen registrearre. Tsjintwurdich wenje sawat 30.000 Lazen yn 'e opfolgersteaten fan 'e Sovjet-Uny (benammen yn 'e regio Adzjarië yn Georgië). It oantal Lazen yn 'e Jeropeeske Uny, dêr't etnisiteit net registrearre wurdt (allinnich nasjonaliteit), wurdt rûsd op 5.000 oant 50.000. De measte Lazen yn 'e EU wenje yn Dútslân, dêr't se har yn 'e jierren 1970 as gastarbeiders fêstige hawwe.

De hjoeddeiske Turkske presidint, Erdoğan, komt út it Lazyske gebiet. Oarspronklik komt it folk út it súdwesten fan Georgië.

De mearderheid fan 'e Lazen is islamitysk, in minderheid is Georgysk-ortodoks. De taal fan 'e Lazen is it Lazysk, in Súd-Kaukasyske taal.

Keppelings om utens Lazen Wengebieten fan de Lazen

Kategory:Súdkaukazysk folk Kategory:Etnyske groep yn Turkije