Laura Dahlmeier (Garmisch-Partenkirchen, 22 augustus 1993 - Karakoram Pakistan, 28 july 2025) wie in Dútsk biatlete.

Sy die twa kear mei oan de Olympyske Winterpullen (yn 2014 en 2018). Sy waard yn 2018 yn Pyeongchang twa kear Olympysk kampioene by de sprint en de efterfolging.

Yn 2019 beëinige Dahlmeier har topsportkarriêre; sy waard nei har biatlon-karriêre berchbeklimster. Op 28 july 2025 kaam se troch in rotslawine by de beklimming fan de Laila-berchtop yn it Karakoramberchtme fan Pakistan yn 'e âldens fan 31 jier om it libben.

Kategory:Dútsk biatleet Kategory:Dútsk berchbeklimmer Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1993 Kategory:Persoan stoarn yn 2025