thumb|Foto fan it diner, oanbean troch De Centrale Arbeiders- Verzekerings - en Depositobank oan it bestjoer, de bibliotekaresse en de wittenskiplike stêf fan it Internationaal Instituut voor Sociale Geschiedenis en de ried fan kommissarissen fan De Centrale yn hotel Victoria te Amsterdam by gelegenheid fan de offisjele iepening fan it Ynstitút op 11 maart 1937. Steand links Annie Adama fan Scheltema-Kleefstra Annie Catharina Kleefstra, ek wol bekend as Annie Adema van Scheltema, (De Lemmer, 12 augustus 1884 – Amsterdam, 22 maart 1977) wie in Frysk bibletekaresse, argivaris en úteinlik ynstitútdirekteur fan it ferneamde Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale Skiednis (IISG).

Sy wie de dochter fan Jentje Johan Kleefstra (1860-1929) en Elisabeth Klein (1859-foar 1899).Stambeam Griffioen Jellema Friese Adel Op 24 oktober 1907 troude sy mei de dichter Carel Steven Adama van Scheltema. It pear krige gjin bern. Sy is it meast bekend fan 'e IISH-kolleksje. Yn 1935 waard sy beneamd ta bibletekaresse fan it nij iepene ynstitút. Kleefstra die bliken in bysûnder assertyf oanskaffer fan bedrige en literêr erfgoed te wêzen.

Yn de oarloch hawwe de Dútsers it IISH leechmakke. Nei de oarloch slagge it Kleefstra om it hiele argyf yn Hannover op te spoaren en werom te bringen nei Nederlân.

Annie Kleefstra ferstoar op 22 maart 1977 yn Amsterdam, yn 'e âldens fan 93 jier.

Kategory:Frysk bibletekaris Kategory:Frysk argivaris Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Nederlânsk bibletekaris Kategory:Nederlânsk argivaris Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op De Lemmer Kategory:Persoan berne yn 1884 Kategory:Persoan stoarn yn 1977