It Meksikaansk Inkadoke (Columbina inca) is in fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae).
Skaaimerken thumb|left|Underkant fan 'e wjuk. It 16,5 oant 23 sm lange doke weaget 30 oant 58 gram. It is in slank fûgeltsje mei griisbrune fearren. De sturt is lang en hoekich en de fearren ha wite seamen dy't yn 'e flecht te sjen binne. De ûnderkant fan 'e wjuk is readeftich. By it opfleanen meitsje de wjukken in klapperjend lûd.
Fersprieding Meksikaanske Inkadokes libje fan it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en Meksiko oant Kosta Rika. Yn Midden-Amearika komt de fûgel allinnich oan 'e westlike kant foar.
De fûgel is talryk en wreidet syn ferspriedingsgebiet nei it noarden en suden ta út. Alhoewol't de fûgel ferneamd is nei it Inkaryk, komt de do yn gjin fan 'e lannen foar dy't eartiids ûnder dat ryk foelen. De soarte hâldt fan drûge, iepen boskeftige gebieten. Ek wurdt de soarte faak sjoen by gebouwen mei beammen en strûken.
Hâlden en dragen Meksikaanske Inkadokes libje faak yn groepkes fan trije oant tsien fûgels. Bûten de briedtiid kinne de kloften wol út 100 fûgels bestean. Se foerazjearje op 'e grûn en sykje nei sied. Yn 'e Feriene Steaten briedt de soarte fan ein febrewaris oant oktober, yn Jalisco (Meksiko) fan maaie oant july en yn Hildago (Meksiko) fan heal maart oant begjin oktober. Se binne gefoelich foar kjeld en rêste dan yn 'e sinne, yn in pyramidefoarm fan wol 10 fûgels om sa inoars bealchje waarm te hâlden.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de populaasje tanimt. Op basis dêrfan kategorisearret de IUCN (Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer) de soarte as net bedrige (LC, 2016).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse grûndo Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa