Nicole Steigenga (Snits, 27 jannewaris 1998) is in Frysk hurdfytster.
Yn 2018 die se foar it earst mei oan in Omgong fan Itaalje, yn de Giro Donna kaam se ta in 122ste plak yn it einklassemint, datselde jier kaam se yn de Omgong fan Spanje ta in 73ste plak. Per 2020 sette se ôf nei it Belgyske Doltcini, yn 2022 fytste se foar it Noarske team Coop-Hitec Products en yn 2023 kearde se werom nei Belgje en rydt se foar AG Insurance-Soudal.
Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Spanje 2018 - 73e; 2022 - 74e; 2025 - 83e;
Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 2018 - 122e; 2019 - 103e;
Ploegen 2017 - Parkhotel Valkenburg 2018-2019 - BePink 2020-2021 - Doltcini 2022 - Coop-Hitec Products 2023 - AG Insurance-Soudal
Kategory:Frysk hurdfytser Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1998