Bertine Spijkerman (Snits, 31 maaie 1982) is in earder Frysk hurdfytster. Sy wûn yn 2002 en 2003 in etappe yn de Omgong fan Itaalje. Yn 2001 wûn sy in sulveren medalje op de dykwedstriid by de Nederlânske Kampioenskippen. Yn 2003 wûn sy in sulveren en twa brûnzen medaljes by de Nederlânske kampioenskippen op de baan. Begjin 2009 hold Spijkerman op mei hurdfytsen op heech nivo.
Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje
2002 - 64e; winner 4e etappe 2003 - 88e; winner prolooch
Ploegen 2001 - Farm Frites - Hartol 2002 - Power Plate-Bik 2003 - Ondernemers van Nature 2004 - @Home 2005 - @Work 2006-2007 - Therme Skin Care 2008 - Restore Cycling 2009 - Nederland bloeit
Kategory:Frysk hurdfytser Kategory:Frysk baanhurdfytser Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1982