De berchmuskaatdo (Ducula badia) is in fûgel yn it skaai muskaatdowen (Ducula) út de famylje dowen (Columbidae).

Beskriuwing De 43 oant 51 sm grutte fûgel is meast griis mei in wynreade tint, in grize kop en in konstrastearjende wite kiel. De boppedielen en wjukken binne kastanjebrún mar de boppeste dielen dêr kinne doffer wêze. De ûnderkant fan 'e wjukken binne laaigriis en de sturt is swarteftich mei in grize horizontale bân. De sturt is relatyf lang.

Fersprieding De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet yn Aazje en bestiet út trije ûndersoarten:

Ducula badia insignis: komt foar yn 'e sintrale en eastlike Himalaya. Ducula badia griseicapilla: komt foar fan noardeastlike Yndia oant súdwestlik en súdlik Sina, Yndosina en Birma. Ducula badia: komt fan Maleizje oant Sumatra, Borneo en westlik Java foar.

De soarte wurdt yn subtropysk en tropyske bosk fan seenivo oant hichten fan 2300 m waarnommen.

Status Der wurdt tocht dat de oantallen fan 'e soarte ôfnimme. De fûgel hat lykwols in grut ferspriedingsgebiet. De IUCN kategorisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Muskaatdo Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân