Amerikaanske grûndowen (Geotrygon) foarmje in fûgelskaai út de famylje dowen (Columbidae).
De soarten fan it skaai libje allegear yn 'e Amerikaanske neotropen fan Súd-Meksiko en Midden-Amearika oant West-Ynje en Súd-Amearika. Twa soarten wurde ek as dwaalgast waarnommen yn 'e Feriene Steaten. Amerikaanske grûndowen libje op 'e grûn yn tichte bosken dêr't se neskje en foerazjearje. Se falle op troch de tekening op it gesicht en de faak libbene kleuren.
Soarten It skaai bestiet neffens de IOC World Bird List fan eBird (2024/2025) út tsien soarten, wêrfan't ien soarte yn it holoseen útstoar (nei alle gedachten troch ûntbosking):
Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Status / trend 120px Berchgrûndo Geotrygon montana net bedrige25pxGeotrygon montana op Birdlife. 120px Blaukroangrûndo Geotrygon purpurata bedrige25pxGeotrygon purpurata op Birdlife. 120px Fioletgrûndo Geotrygon violacea net bedrige25pxGeotrygon violacea op Birdlife. 120px Griisgrûndo Geotrygon caniceps gefoelich25pxGeotrygon caniceps op Birdlife. 120px Grutte grûndo Geotrygon mystacea net bedrige25pxGeotrygon mystacea op Birdlife. 120px Kubaanske grûndo Geotrygon chrysia net bedrige25pxGeotrygon chrysia op Birdlife. 120px Portorikaanske grûndo Geotrygon larva † útstoarn Geotrygon larva op Animalia. Safiergrûndo Geotrygon saphirina bedrige25pxGeotrygon saphirina op Birdlife. 120px Túfgrûndo Geotrygon versicolor gefoelich25pxGeotrygon versicolor op Birdlife. 120px Wytfoarhollegrûndo Geotrygon leucometopia bedrige25pxGeotrygon leucometopia op Birdlife.
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Dofûgel