Guardians of the Galaxy Vol. 3 ("Vol." is koart foar "Volume") is in Amerikaanske science fiction-superheldefilm út 2023 ûnder rezjy fan James Gunn. De haadrollen waarden fertolke troch Chris Pratt, Zoe Saldaña, Karen Gillan, Bradley Cooper, Dave Bautista, Pom Klementieff en Vin Diesel, mei Chukwudi Iwuji, Will Poulter, Sean Gunn en Linda Cardellini yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Beskermers fan it Stjerrestelsel Diel 3". De film is basearre op it team fan superhelden mei deselde namme út 'e strips fan útjouwerij Marvel Comics.

De plot folget in groepke bûtenierdske kriminelen dy't de ûnwierskynlike beskermers fan it Stjerrestelsel wurden binne. De genetysk manipulearre waskbear Rocket rekket by in oanfal swierferwûne. Om syn libben te rêden, moatte syn freonen it opnimme tsjin syn makker, de megalomane Hege Evolúsjonêr. Underwilens pakt Peter Quill om mei rou om it ferlies fan syn grutte leafde Gamora, dy't noch wol libbet, mar inkeld yn in ferzje fan foàr it begjin fan harren relaasje.

Guardians of the Galaxy Vol. 3 krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar in Oscar, in Golden Globe, in Grammy, in Screen Actors Guild Award, in BAFTA en sân Saturn Awards, en wûn ien Saturn. Guardians of the Galaxy Vol. 3 makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. De film folget dêryn op Antman and the Wasp: Quantumania en giet foarôf oan The Marvels, beide ek út 2023.

Plot De Beskermers fan it Stjerrestelsel rjochtsje harren nije haadkertier yn te Knowhere, in planetoïde dy't eins de ôfhoude holle fan in lang lyn ferstoarne god is. Dêr wurde se oanfallen troch Adam Warlock, in suver ûnferslaanbere kriger dy't foar dat doel makke is troch Ayesha, de hegepreesteresse fan 'e Soevereinen. Mei dat bûtenierdske ras fan tsjeppe mar net al te yntelliginte goudhûdige humanoïden hawwe de Beskermers it alris earder oan 'e stôk hân (sjoch: Guardians of the Galaxy Vol. 2), mar diskear giet it Ayesha net om wraak. It docht nammentlik bliken dat de Soevereinen skepen binne troch in tige rike en dêrtroch machtige, mar boppe-al megalomane wittenskipper, dy't himsels de Hege Evolúsjonêr neame lit. Dyselde hat der lucht fan krigen dat de genetysk manipulearre waskbear Rocket, ien fan syn iere eksperiminten, diel útmakket fan 'e Beskermers. Hy beskôget Rocket as syn eigendom en wol him weromhawwe. Ayesha stjoert Adam Warlock, dy't se as har soan beskôget, op 'e Beskermers ôf om't de Hege Evolúsjonêr driget dat er oars de Soevereinen en harren beskaving ferneatigje sil, dêr't er neffens himsels as harren skepper elts rjocht ta hat.

By de oanfal rekket Rocket swierferwûne, mar ear't Adam de yn koma rekke waskbear ûntfiere kin, minge de oare Beskermers har yn 'e striid. Adam jout harren in wan bruien oant de cyborg Nebula har earm yn in baarnend swurd feroaret en him dêrmei speetst. Hy giet dêr net oan dea, mar it is wol genôch om him op 'e flecht te driuwen. De med-packs fan 'e Beskermers, dy't oars sels fatale wûnen genêze kinne, wurkje net op Rocket om't Orgocorp, de organisaasje fan 'e Hege Evolúsjonêr, in 'deademansknop' yn syn genetyske opmaak oanbrocht hat. Mei't Rocket noch sa'n 48 oeren te libjen hat, sette syn freonen Peter Quill, Nebula, Drax de Ferneatiger, Mantis en de yntelliginte rinnende beam Groot fuortendaliks koers nei it haadkertier fan Orgocorp om in genetyske programmearkoade te sykjen dy't de 'deademansknop' útskeakelje kin.

Wylst Rocket yn koma leit en stadichwei tichter nei de dea ta driuwkelet, belibbet er wer syn ierste oantinkens (en wurdt syn oarsprongsferhaal einlings bekendmakke). As in waskbearejong dat by in besyk fan 'e Hege Evolúsjonêr oan 'e Ierde fongen en meinommen waard, kaam er oan board fan in reuseftich romteskip, it Arête Laboratoarium. Dêr waarden hy en alle oare bisten min behannele en yn lytse, smoarge koaien yn it rom finzen holden. Rocket waard it slachtoffer fan sûnder ferdôving útfierde genetyske eksperiminten troch de Hege Evolúsjonêr sels en syn mei kompjûters yn harren hollen tariste assistinten Vim en Theel. It resultaat wie dat syn yntelliginsje gâns fergrutte rekke en hy in antropomorfysk bist waard, wat de Hege Evolúsjonêr oantsjutte as in humanimal (fan human, "minske" en animal, "bist"). Rocket waard ferteld dat de humanimals bedoeld wiene om de ideäle maatskippij te foarmjen op in planeet dy't de Hege Evolúsjonêr, ferwizend nei de oarsprong fan 'e bewenners, Tsjin-Ierde neamt.

Quill-en-dy berikke it haadkertier fan Orgocorp, dêr't Quill syn grutte leafde Gamora har by harren jout. Dat docht se net út 'e goedens fan har hert, mar om't se dêrta betelle wurdt troch har pleechsuster Nebula. De komst fan Gamora jout frijwat rebûlje, want dit is net de ferzje fan har dy't fan Quill hold, dy't ommers fermoarde is troch har pleechheit, de sljochtsinnige god Thanos (sjoch: Avengers: Infinity War). Ynstee is it in eardere ferzje fan Gamora, dy't troch tiidreizgjen út it ferline yn 'e hjoeddeistige tiid yntrodusearre is en de relaasje mei Quill nea meimakke hat (sjoch: Avengers: Endgame). Quill besiket op wanhopige wize werom te krijen wat er ferlern hat, mar hy kin de foarfallen dy't makken dat Gamora fereale op him rekke, net neimeitsje. Mei de help fan Gamora, dy't no ien fan 'e hierlingen is dy't bekendsteane as de Teheisterders, kringe Quill en de oare Beskermers fan it Stjerrestelsel it haadkertier fan Orgocorp binnen. Mei in hiel soad swierrichheden witte se dêr de genetyske programmearring fan Rocket te bemachtigjen en wer fuort te kommen.

De stellen ynformaasje befettet in fideo fan wat Rocket oandien is, dêr't syn freonen mei ôfgriis nei sjogge. Mar se ûntdekke dat it diel fan 'e programmearring dêr't it harren om giet, krekt foar't se de ynformaasje stielen download en wiske is troch Theel, dy't dêrta troch de Hege Evolúsjonêr stjoerd wie. Om't se gjin tiid te ferliezen hawwe, folgje de Beskermers fuortendaliks it spoar fan Theel nei de Tsjin-Ierde. Gamora hat har der net foar opjûn om it tsjin 'e Hege Evolúsjonêr yn 'e kant te setten, dat sy stjoert in berjocht om har ôf te heljen nei wat se mient dat de Teheisterders binne mei de lokaasje fan it romteskip fan 'e Beskermers. It berjocht wurdt lykwols ûnderskept troch hegepreesteresse Ayesha, dy't noch altyd besiket de Soevereinen fan 'e ferneatiging te rêden troch as earste Rocket te finen en him oan 'e Hege Evolúsjonêr oer te dragen. Mei Adam Warlock set hja efter de Beskermers oan.

Rocket belibbet yn syn koma ûnderwilens wer de hechte freonskip dy't er mei trije oare antropomorfe eksperiminten fan 'e Hege Evolúsjonêr sleat: de otter Lylla, de knyn Floor en de walrus Teefs. Yn 'e abominabele omstannichheden wêryn't se yn it Arête Laboratoarium fêstholden waarden, hiene se lykwols wille mei-inoar. Ek makken se plannen foar de takomst, wannear't se einlings op 'e Tsjin-Ierde libje soene. Se namen nammen foar harsels oan, mei't de Hege Evolúsjonêr en syn trewanten harren inkeld in identiteitsnûmer jûn hiene. Eltse kear makke de komst fan dejingen dy't harren fêstholden in hommels ein oan 'e wille. De Hege Evolúsjonêr hie niget oan Rocket, mei't de waskbear de iennichste fan syn eksperiminten wie, dy't in ynstinktive yntelliginsje toande. Dêrmei loste Rocket in probleem op dat de kreaasje fan lettere, better ûntwikkele kloften humanimals behindere. De Hege Evolúsjonêr besaude him deroer dat Rocket dat koe, en wie tagelyk lulk dat Rocket yntelliginter wie as hysels.

Doe't Rocket op in kear blike liet dat er ferwachte mei syn freonen úteinlik nei de Tsjin-Ierde te gean, lake de Hege Evolúsjonêr him út en makke dúdlik dat de Tsjin-Ierde inkeld foar better slagge, heger ûnwikkele humanimals wie, en net foar sokke mislearre eksperiminten as Rocket en syn freonen. Hy joech oarders om 'e oare moarns Rocket syn harsens foar neiere stúdzje te 'rispjen' en syn freonen libben te ferbrânen. Rocket besocht dy nachts himsels en syn freonen te rêden troch te ûntsnappen, mar de Hege Evolúsjonêr wachte him op, skeat Lylla dea en bespotte Rocket syn fertriet om har. Yn razernij foel Rocket de Hege Evolúsjonêr oan en klaude syn gesicht stikken oant de man bewusteleas rekke. De befeiligingslju fan 'e Hege Evolúsjonêr iepenen it fjoer, mar Rocket skeat harren dea mei in bútmakke wapen, om dêrnei te ûntdekken dat Floor en Teefs deade wiene troch de skotten dy't himsels mist hiene. Ferdôve troch it ferlies fan al syn freonen wist Rocket de hangaar fan it Arête Laboratoarium te berikken, dêr't er in lyts romteskip stiel en ûntkaam.

Op 'e Tsjin-Ierde arrivearre, ûntdekke de Beskermers dêr in nuver wjerbyld fan 'e minsklike beskaving op 'e Ierde, mar dan mei antropomorfe bisten ynstee fan minsken. It is lykwols net de ideäle beskaving dy't de Hege Evolúsjonêr foar eagen stie, mei't earmoede, sykte, ferslaving en misdie der likefolle foarkomme as op 'e echte Ierde. Quill, Groot en Nebula reizgje yn 'e auto nei it Arête Laboratoarium, dat as in reuseftige piramide boppe de hiele antropomorfe beskaving fan 'e Tsjin-Ierde út tuorret. Dêr oankommen wurdt Nebula, dy't troch de befeiligingslju as in wapen kwalifisearre wurdt, bûtendoar holden, wylst Quill en Groot nei binnen geane foar in moeting mei de Hege Evolúsjonêr. Drax en Mantis soene eins by it romteskip bliuwe moatte, mar de eigenwize Drax lapet syn oarders oan syn lears en set mei Mantis efter Quill-en-dy oan.

Sa bliuwt Gamora allinnich oan board fan it skip fan 'e Beskermers efter mei Rocket. Mei't se no frij is om safolle om te gnuven yn 'e besittings fan 'e Beskermers as se mar wol (wat se ek docht), kriget se in nij respekt foar harren en sels in beskate empaty foar Quill syn ferlies fan 'e lettere ferzje fan harsels. Wannear't Adam Warlock ferskynt om Rocket te ûntfieren, giet Gamora de striid mei him oan. Sy kin him net ferslaan, mar de Hege Evolúsjonêr hat syn antropomorfe trewant War Pig stjoert om Rocket te ûntfieren, en de beide ûntfierders reitsje ûnderling slaande deilis. Dat gefjocht einiget mei de dea fan War Pig, mar tsjin dy tiid is Gamora al mei Rocket útnaaid.

Yn syn petear mei de (no mei in humanoïde masker tariste) Hege Evolúsjonêr beslacht Quill de "ideäle maatskippij" fan 'e Tsjin-Ierde mei de gek, en de Hege Evolúsjonêr moat tajaan dat it resultaat net is wat hy derfan ferwachte hie. Dêrom jout er opdracht om it Arête Laboratoarium út 'e Tsjin-Ierde los te meitsjen en de planeet te ferdylgjen. Wannear't de Hege Evolúsjonêr him ôfjout, meitsje Quill en Groot koart wurk fan 'e befeiligingslju om harren hinne, wêrnei't se Theel gripe en mei him út in stikkensketten finster springe. Groot foarmet syn tûken ta wjukken en sweeft mei Quill nei it planeetoerflak, dêr't se Theel brûke om harren hurde lâning te fersêftsjen. Neitiid snijt Quill de kompjûter út 'e holle fan it stoflik omskot fan Theel. Underwilens binne Nebula, en Drax en Mantis, dy't harren by har jûn hawwe, it Arête Laboratoarium binnenkrongen om Quill en Groot te rêden. Oan board fan it opstiigjende romteskip ûntdekke se de jongste eksperiminten fan 'e Hege Evolúsjonêr: in grutte kliber genetysk manipulearre humanoïde bern. Se wurde lykwols finzen nommen en djip yn it Arête Laboratoarium opsletten.