De Hoop is in yn 1764 boude nôtmûne op 'e bolwurken fan de Súd-Hollânske stêd Gorkum. De rûne stellingmûne stiet op in byldbepalend plak op 'e wâl oan 'e Boppe-Merwede. It duorre mear as 100 jier ear't de mûne in namme krige: de doe nije eigner A.J. van de Water joech yn 1879 de hjoeddeiske namme oan 'e mûne.

Skiednis Yn 1900 waard in gasmotor ynstalearre om ek te meallen sûnder wyn. Mei't de mûne jimmeroan minder yn bedriuw wie, rekke de mûne brekfallich en yn 1941 waard útein set mei in aksje om de mûnen De Hoop en de oare bolwurkmûne yn Gorkum, de Nooit Volmaakt, foar it neiteam te behâlden. Yn 1942 waarden beide mûnen wer yn bedriuw steld. Mei't yn 1944 tichteby de mûne bommen waarden delsmiten, ûnstiene skuorren yn 'e muorren fan 'e Hoop en sûnt hie de mûne fochtproblemen. thumb|left|De mûne yn 1931. Yn 1951 naam de gemeenteried it beslút de mûne foar ƒ 10.000 te keapjen. Foar it needsaaklik werstel waard ek besletten om ƒ 5.000 beskikber te stellen. Twa jier earder wie yn 1949 de mûnder ôfstapt fan it brûken fan wynkrêft. Mei in elektryske ynstallaasje bleau de mûnder noch in pear jier syn bedriuw útoefenjen. Tusken 1952 oant 1965 wie de mûne útrist mei it wjuksysteem Van Bussel. Yn dat jier waard Aldhollânsk hekwurk oanbrocht. It wjukkekrús waard yn 1982 hielendal fernijd.

Yn 1995 folge in restauraasje fan 'e mûne en sûnt wie de mûne wer regelmjittich yn gebrûk om der nôt mei te meallen. De mûne waard yn 2019 op 'e nij restaurearre troch de hjoeddeiske eigner, de stifting SIMAV (Stichting tot Instandhouding van Molens in de Alblasserwaard en de Vijfheerenlanden), dy't de mûne yn 2017 fan 'e gemeente oernaam. De lêste grutte restauraasje fan 'e mûne ferholp ek de fochtproblemen dy't sûnt 1944 ûntstien wiene as gefolch fan it bombardemint.

Kategory:Bouwurk yn Gorkum Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole Kategory:Mole yn Súd-Hollân Kategory:Bouwurk út 1764