De krânsdo (Columba guinea) is in fûgelsoarte yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae).
Skaaimerken thumb|left|Krânsdo yn Kaapstêd, Súd-Afrika. De 32 oant 35 sm lange do weaget tusken 220 en 390 gram. De kop it boarst en de búk binne blaugriis. De do hat in kraach fan readbrune fearkes dy't einigje yn wite puntsjes. De stút is sulvergriis en de mantel en dekfearren fan 'e wjukken binne readbrún oan fiolet. Om't de dekfearren fan 'e wjukken in ljochte, trijehoekige punt ha, liket de do pjukkelich. Om de eagen hat de do in neakene reade ring. De ferskillen tusken mantsjes en wyfke beheine har ta lytse ferskillen.
Fersprieding De soarte komt yn in grut part fan Afrika foar en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield.
Columba guinea guinea: fan Mauritaanje oant Etioopje súdlik nei Kongo-Kinsjasa en noardelik Malawy. Columba guinea phaeonota: fan súdwestlik Angoala oant Simbabwe en Súd-Afrika.
It biotoop is tige ferskillend en bestiet út iepen en healiepen gea, lykas savannes, mar ek bosk en tunen. Yn Etioopje is de fûgel machtich yn tal op greide en yn bosk. Yn guon gebieten wit de fûgel ek stêden te kolonisearjen.
Hâlden en dragen De fûgels wurde allinnich of pearkes en ek yn groepen waarnommen. By genôch iten kinne de oantallen grut wurde. De fûgel is op lân en yn 'e loft linich.
It nêst wurdt boud yn borassuspalmbeammen, mar ek yn beamholtes en rotsspjalten of âlde gebouwen en ruïnes. De oan see libjende fûgel bouwe de nêsten yn rotsspjalen of -holtes. In lechsel bestiet út twa aaien, dy't troch it wyfke yn goed twa wiken útbret wurde. Nei likernôch trije wiken ferlitte jonge fûgels it nêst.
Status De grutte fan 'e populaasje is net bekend. De fûgel is hast oeral yn it ferspriedingsgebiet algemien. Dêrom wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hôfdo Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda