De wytkraachdo (Columba albitorques) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae).
Beskriuwing De fûgel is in grize do mei in ûnderskiedend wyt plak yn 'e nekke en wite plakken op 'e wjukken, dy't yn 'e flecht goed te sjen binne.
Fersprieding Wytkraachdowen komme foar yn it Etiopysk Heechlân yn Etioopje en Eritreä. Se libje yn in lânskip fan rotseftige kliffen en kleauwen en binne ek faak yn stêden te sjen.
De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge bestjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten bestiet.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beöardiele. De IUCN hat de fûgel dêrom as net bedrige (LC) op 'e Reade list klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hôfdo Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä