De Chathameilannen binne in ôfhandige en isolearre arsjipel yn 'e súdlike Stille Oseaan, dy't op in ôfstân fan likernôch 650 km beëasten it Noardereilân fan Nij-Seelân leit. Yn it Ingelsk hjitte de eilanen de Chatham Islands (útspr.: [̍ʧætǝm ̍ai̭lǝndz], likernôch: "tsjet-tum aai-lundz"), yn it Morioary hjitte se Rēkohu (útspr.: [rɛːkɔhu], likernôch: "rê-kò-hû" mei de ò fan "hok" en in koarte û), en yn it Maoary hjitte se Wharekauri (útspr.: [ɸarɛkauri], likernôch: "fa-reh-kau-ry"). De eilannen wurde bestjoerd as diel fan Nij-Seelân mei de status fan in territoriale autoriteit. De arsjipel bestiet út fjirtjin eilannen, wêrfan't Chatham fierwei de grutste is, op ôfstân folge troch Pitt. Mei-inoar hawwe de eilannen in oerflak fan 963 km². De befolking bedroech yn 2024 720 minsken. It haadplak is Waitangi.

Histoarysk waarden de Chathameilannen om 1500 hinne kolonisearre troch de Morioary, in Polynezyske folk dat in pasifistyske libbenswize yn harmony mei de natoer ûntwikkele. Nei't de eilannen yn 1791 troch de Ingelsen ûntdutsen wiene, fûn der yn 1835 in ynvaazje plak troch kriichshaftige Maoary fan it Noardereilân fan Nij-Seelân. Mei't de Morioary wegeren har dêrtsjin te fersetten, rûn dat út op in genoside, wêrby't de oarspronklike bewenners fan 'e eilannen hast útrûge waarden, wylst it restant desennia lang as slaven fan 'e Maoary ûnderdrukt waard. Hjoed oan 'e dei steane de Chathameilannen bekend om har unike floara en fauna. De arsjipel hat syn eigen tiidsône, dy't 45 minuten foarleit op 'e tiid op it Noarder- en Sudereilân fan Nij-Seelân.

Geografy De Chathameilannen foarmje in ôfhandige en isolearre arsjipel yn it súdwestlike part fan 'e Stille Oseaan. De neiste gruttere lânmassa is it Noardereilân fan Nij-Seelân, wêrfan't Kaap Turnagain likernôch 650 km westlik fan 'e eilannen leit. It Sudereilân fan Nij-Seelân leit 840 km westlik fan 'e eilannen. De Chathameilannen lizze op in mânsk ûnderseesk plato, de saneamde Chatham Rise, dêr't de oseaan mar oant 1.000 m djip is, en dy't yn it westen hast oan it Sudereilân ta rikt. De arsjipel, dy't net âlder is as krapoan 4 miljoen jier, is it iennichste diel fan 'e Chatham Rise dat boppe de see útstiket.

De arsjipel hat in oerflak fan 963 km² oan lân, ferdield oer sa'n 7.000 km² oan wetter. Chatham is fierwei it grutste eilân, mei in oerflak fan 900 km², op ôfstân folge troch Pitt, mei in oerflak fan 62 km².Encyclopedia Brittannica, Chatham Islands De rest fan it oerflak fan 'e arsjipel wurdt opmakke troch tolve fersille eilantsjes: Rangatira, Mangere, Lyts Mangere, de Star Keys, De Susters en de Forty-Fours. Chatham en Pitt lizze 21 km útinoar, wêrby't Pitt in posysje súdsúdeastlik fan Chatham hat. It lânskip is heuveleftich, en de kust wurdt foarme troch in ôfwikseling fan kliffen, dunen, strannen en lagunes. Pitt hat in woester oansjen as Chatham. It heechste punt fan 'e arsjipel leit op 287 m boppe seenivo, op in plato by de súdeastpunt fan Chatham, dat besiedde is mei marren. It noardlike en sintrale part fan Chatham wurdt dominearre troch de reuseftige Te Whanga-lagune.

Skiednis De Morioary De earste, oarspronklike minsklike bewenners fan 'e Chathameilannen wiene de Morioary, in folk fan Polynezyske seefarders dy't de eilannen nei alle gedachten omtrint 1500 kolonisearren, hoewol't guon saakkundigen it op likernôch 1550 hâlde. Yn 'e iere 2000-er jierren die út taalkundich ûndersyk bliken dat de Morioary dy't de eilannen kolonisearren eins in subgroep west hiene fan 'e Maoary (de oarspronklike bewenners fan Nij-Seelân) en dat se de eilannen dus net streekrjocht út it hert fan Polyneezje wei berikt hiene, mar pas nei in lange tuskenstop yn Nij-Seelân. De Morioary joegen de Chathameilannen de namme Rēkohu, dat "[Lân fan 'e] Dizige Sinne" betsjut.

Mei't de lânbougewaaksen út Nij-Seelân net oer de kjeld fan 'e Chathameilannen koene, libben de Morioary as jager-sammelders en fiskers. De arsjipel beskikte ek net oer de helpboarnen om 'e seeweardige katamarans te bouwen, dêr't de Polyneezjers de Stille Oseaan mei trochkrústen. Sadwaande rekken de Morioary strâne op 'e Chathameilannen. Wol bouden se boaten dy't der heal ûnder strûpten, saneamde waka kōrari, besteande út flaaksbondels mei by de rânen lâns de loftblazen fan kelpplanten bûn. Dêrmei koene se bûtenste eilantsjes fan 'e arsjipel berikke om dêr op seefûgeljacht te gean.

Nei ferskate generaasjes lang ûnderling oarlochfierd te hawwen, waard geweld tsjin 'e ein fan 'e sechstjinde iuw yn 'e ban dien troch de haadman Nunuku-whenua. Neitiid ûntjoegen de Morioary in freedsume, pasifistyske maatskippij. Skelen en oare konflikten waarden oplost troch it berikken fan konsensus fia oerlis, of yn it uterste gefal troch it útfjochtsjen fan in duël, dat einige by de earste bloeddrip. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw bedroech de befolking fan 'e eilannen sa'n 2.000 minsken.

Untdekking troch de Jeropeänen De Chathameilannen waarden op 29 novimber 1791 ûntdutsen troch de Ingelske ekspedysje fan George Vancouver. De namme fan 'e arsjipel komt fan it grutste eilân, dat troch kaptein William R. Broughton fan 'e HMS Chatham, krekt as syn eigen skip, ferneamd waard nei John Pitt, 2e greve fan Chatham, dy't op dat stuit de Britske minister fan Marine wie. De bemanning fan it skip gie op it eilân oan lân, naam it yn besit foar it Feriene Keninkryk en skeat dêrby in Morioary dea dy't Torotoro of Tamakororo hiet.

Nei de ûntdekking begûnen Jeropeeske seehûnejagers en walfiskfarders al rillegau yn 'e see om 'e eilannen hinne te jeien, wêrby't se de eilannen as útfalsbasis brûkten. Fan 'e Morioary kaam yn 'e folgjende desennia nei skatting 10% oant 20% te ferstjerren oan besmetlike sykten dy't troch de Jeropeänen op 'e eilannen yntrodusearre waarden, en dêr't de lânseigen befolking gjin ymmuniteit tsjin hie. De seehûnejacht en walfiskfeart gie op 'e Chathameilannen troch oant likernôch 1861.

Ynvaazje, genoside en kolonisaasje troch de Maoary Op 19 novimber en 5 desimber 1835 arrivearren mei in (twaris op en del farrend) Ingelsk skip op 'e Chathameilannen sa'n 900 manlju, froulju en bern fan 'e Ngāti Mutunga- en de Ngāti Tama-iwi (stamme) fan 'e Maoary fan 'e westkust fan it Noardereilân fan Nij-Seelân. Dy lju waarden oanfierd troch haadman Pōmare Ngātata. Se hiene 78 ton poatjirpels, 20 bargen en sân grutte waka (kano's) by harren.

De Maoary waarden op 'e Chathameilannen ferwolkomme troch de Morioary, dy't harren holpen om har oan te passen oan it folle kâldere klimaat as dat se wend wiene. Al rillegau begûnen de Maoary it lân te berinnen om der oanspraak op te meitsjen. Doe't se foar it ferstân krigen dat de nijynkommelingen fan doel wiene en fêstigje har foargoed op 'e eilannen, beleine de Morioary yn harren marae by Te Awapatiki in grutte gearkomste om dy ûnferwachte gong fan saken te bepraten. Se besleaten har tsjin eltse priis oan har wet fan geweldleazens te hâlden.

De kriichshaftige Maoary beoardielen de Morioary lykwols neffens har eigen mjitstêven. As útlanners har yn harren lân fêstigje wollen hiene, soene sy sûnder mis de wapens oppakt hawwe om te besykjen se te ferdriuwen. Yn 'e gearkomste by Te Awapatiki seagen se dan ek in oarlochsried dy't bedoeld wie om te bepraten hoe't de nijynkommelingen it bêste oanfallen wurde kinne soene. De Maoary besleaten de kommende oanfal net ôf te wachtsjen, mar sels oan te fallen. Dêrby waarden by ien konfrontaasje mear as 260 Morioary ôfslachte. In oerlibbene tsjûge letter: "[De Maoary] begûnen ús te deadzjen as wiene wy skiep [...] [Wy] wiene deabenaud, flechten de bosk yn, ferskûlen ús yn gatten yn 'e grûn en op alle mooglike plakken om oan ús fijannen te ûntkommen. It wie om 'e nocht; we waarden ûntdutsen en deamakke – manlju, froulju en bern – sûnder oansjens des persoans." In haadman fan 'e Maoary, Te Rakatau Katihe, ferklearre yn 1870 foar it Lânseigen Lângerjochtshof: "Wy namen besit [fan it lân] [...] sa't dat ús wizânsje wie, en wy fongen alle lju. Net ien ûntkaam ús. Guon naaiden út en dyselden makken wy dea; en oaren deaden wy ek – mar wat soe dat? It wie neffens ús wizânsje. Ynsafier't ik wit, waard net ien fan ús eigen minsken troch harren deade."

Nei de moardnerij waarden de oerlibbenen fan 'e Morioary troch de Maoary ta slaaf makke. It waard harren ferbean om mei oare Morioary te trouwen of om bern mei-inoar te krijen. In protte Morioary-froulju krigen ynstee bern mei harren Maoary-masters. Inkelen trouden letter mei Maoary of mei blanke manlju. Guon Morioary waarden troch harren masters fan 'e Chathameilannen fuortfierd en kamen nea wer. De Dútske biolooch en geolooch Ernst Dieffenbach, dy't de arsjipel yn 1840 oandie, skreau dat de Morioary doe as slaven fan 'e Maoary ûnder abominabele omstannichheden libben en oanhâldend slim mishannele waarden, sadat de dea foar harren in seine wie. Pas yn 1863 leine de Britten it near op 'e slavernij en waarden de Morioary frijlitten. Der wiene doe noch 101 fan harren oer, sa'n 5% fan 'e oarspronklike befolking fan 'e eilannen.

Kolonisaasje troch de Britten Begjin maaie 1838 gie de Frânske walfiskfarder Jean Bart foar anker foar de kust fan Waitangi op it eilân Chatham om hannel te driuwen mei de Maoary. In konfrontaasje mei krigers fan 'e Ngāti Mutunga einige lykwols mei de dea fan 'e hiele bemanning en de plondering fan it skip, dat neitiid ferbaarnd waard. Yn septimber berikten geroften oer it ynsidint de korvet Heroine fan 'e Frânske Marine by it Noardereilân fan Nij-Seelân. De Heroine sylde yn 'e mande mei twa oare Frânske walfiskfarders nei de Chathameilannen en fierde dêre op 13 oktober by wize fan ferjilding in bombardemint út op Waitangi. In dei letter giene hûndert swierbewapene Frânsen oan lân, dêr't se wenten platbaarnden, waka ferneatigen en bargen en jirpels stielen. Iroanysk genôch trof de Frânske aksje benammen de Maoary fan 'e Ngāti Tama, dy't gjin skuld hiene oan wat der mei de Jean Bart bard wie.

De ûnderlinge relaasje tusken de Ngāti Mutunga en de Ngāti Tama wie min. Ear't se yn 1835 út Nij-Seelân ôfset wiene, hiene de beide stammen ôfspraken makke om 'e Chathameilannen earlik ûnderinoar te ferdielen. Mar de Ngāti Tama, dy't 16 dagen earder op 'e arsjipel oankommen wie, hie dy oerienkomst brutsen troch de geunstichste dielen fan 'e eilannen, wêrûnder Waitangi, yn besit te nimmen ear't de Ngāti Mutunga arrivearre. Dat hie kwea bloed set by de Ngāti Mutunga. Nei't de Ngāti Tama ein 1838 troch de Frânske oanfal ferswakke rekke wiene, besleaten de krigers fan 'e Ngāti Mutunga yn 1840 de Ngāti Tama yn Waitangi oan te fallen. Mar mei't de leden fan 'e beide stammen nau mei-inoar ferbûn wiene om't se yninoar om troud hiene, waard de striid omsichtich en tebekhâldend útfochten, sadat der amper deaden foelen. Mei tuskenskoften hold it konflikt oant yn 1842 oan, doe't der troch bemiddeling fan 'e Nijseelânske Kompanjy en ûnder druk fan Westerske sindelingen in ûngemaklike frede sletten waard.

De belegering fan Waitangi wie noch geande doe't it skip de Cuba fan 'e Nijseelânske Kompanjy by de Chathameilannen arrivearre as ûnderdiel fan in plan om lân oan te keapjen foar de fêstiging fan Westerske kolonisten op 'e arsjipel. Yn 1841 fette de Kompanjy it idee op om 'e eilannen oer te dwaan oan it Keizerryk Dútslân, sadat it in Dútske koloanje wurde koe. Dat gie sels safier dat John Ward, de siktaris fan 'e Nijseelânske Kompanjy, op 12 septimber fan dat jier in oerienkomst tekene mei de Dútske diplomaat Karl Sieveking. De priis fan 'e arsjipel waard dêrby fêststeld op £10.000. De ferkeap mislearre lykwols doe't it Britsk Ministearje fan Koloanjes der lucht fan krige en dúdlik makke dat Dútske kolonisten dy't har op 'e Chathameilannen fêstigen, beskôge wurde soene as ûnwinske bûtenlanners en ek as sadanich behannele wurde soene. Om fierder bûtenlânsk aventoerisme yn 'e Chathameilannen foar te kommen, waard de arsjipel yn 1842 formeel troch it Feriene Keninkryk anneksearre en by de Koloanje Nij-Seelân foege.