Frédéric Rouge (27 april 1867 - 13 febrewaris 1950) wie in Switserske skilder.

Libben en wurk Frédéric Rouge waard grutbrocht yn Aigle. Doe't er 15 jier wie gie er yn'e lear by de doe bekende biste- en sjenreskilder Walter Vigier yn Solothurn. Nei syn stúdzje oan de Keunstniverheidsskoalle yn Bazel, de Académie Julian yn Parys en in ferbliuw yn Florence kaam er werom nei Aigle. Yn 1903 kocht er de bûtenpleats Les Cèdres yn Ollon, dat er oant syn dea yn 1950 bewenne.

Frédéric Rouge makke gâns oaljeferveskilderijen yn de styl fan Albert Anker (1831-1910), Frank Buchser (1828-1890) en Karl Stauffer-Bern (1858-1891). Hy ûntwurp ek twa glêsruten foar de tsjerke yn Vionnaz yn 1926 en makke de muorreskildering 'De Siedder' yn de herfoarme tsjerke yn Ollon yn 1939. Teffens ûntwurp er withoefolle posters en skildere in hagedis foar in wynetiket foar it wynhûs Henri Badoux yn Aigle, dat hjoed-de-dei noch altyd as stilearre logo troch it bedriuw brûkt wurdt.

Galery

Kategory:Switsersk keunstskilder Kategory:Frânsk-Switsersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1867 Kategory:Persoan stoarn yn 1950