De wytkopdo (Columba leucomela) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae).

Skaaimerken De wytkopdo hat in wite kop, nekke en búk en in wyt boarst. By mantsjes binne de wjukken en de sturt laaigriis. De boppedielen binne griisswart mei in griene of pearse irisaasje. De snaffel is rôze oant donkerread mei in giele of wite punt. Wyfkes lykje op mantsjes, mar harren wyt is minder helder en de kleuren binne wat donkerder. Jonge fûgels ha in soad fan 'e wyfkes mar binne grizer.

Folwoeksen fûgels wurde 38 oant 42 sm lang en weage likernôch 420 gram. De eachring en de de poaten binne read en de eagen binne ljochtoranje of giel.

Hâlden en dragen It nêst fan 'e wytkopdo bestiet yn 'e regel út wat tûkjes en sit meast heech yn 'e beam, oant wol 18 m heech. De do leit meast ien krêmkleurich aai. Se briede faak fan oktober oant desimber.

Wytkopdowen wurde yn allinnich, yn pearkes of lytse groepen oantroffen. It binne stille en skouwe fûgels.

It iten bestiet út fruit en sied. De fûgel is sljocht op 'e fuchten fan 'e ynvasive kaanferbeam (Cinnamomum camphora) jout. De soarte yt it hiele jier knoppen, blommen, blêd..

Fersprieding De fûgel komt oan 'e eastlike kust fan Austraalje foar fan Cooktown, Queensland oant it suden fan Nij-Súd-Wales en wurdt ek hieltiten faker yn it easten fan Fiktoaria oantroffen. De do libbet yn tropyske gebieten, subtropysk reinwâld, strewellen, oan wetterrinnen en yn 'e beammen fan leanen. Sûnt de kolonisaasje fan Austraalje binne de oantallen ôfnommen. mar se dogge it hjoed-de-dei goed troch de yntrodusearre kaanferbeam.

Status De oantallen fan 'e fûgel nimme ta en de soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Dêrfandinne binne der gjin soargen oer de takomst fan 'e fûgel en klassifearret de IUCN de soarte as net bedrige (LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hôfdo Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje