Konflikten tusken minsken en wylde bisten binne ynteraksjes tusken minsken en wylde bisten dy't in negative útkomst hawwe, mei ûnwinske gefolgen foar sawol de lju en harren eigendommen en helpboarnen, as foar de bisten en harren habitats. Sokke konflikten wurde ornaris feroarsake troch konkurrinsje tusken de beide partijen om natuerlike helpboarnen. Se kinne ferfelende gefolgen hawwe foar de itenswissichheid fan minsken yn gebieten dy't dochs al te krijen hawwe mei itenskrapte of earmoede. Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw is yn in protte regio's fan 'e wrâld it tal konflikten tusken minsken en wylde bisten oanboaze as gefolch fan 'e minsklike befolkingsgroei en it dêrút fuortfloeiende habitatferlies fan 'e bisten.

Konflikten tusken minsken en wylde bisten foarmje wrâldwiid in bedriging foar duorsumens, itenswissichheid en natoerbeskerming yn sawol stedske en doarpske gebieten as op it plattelân. Troch it tanimmen fan 'e minsklike befolking is it oerflak oan kultuerlân navenant groeid, sadat der minder romte foar de natoer oerbleaun is. Wylde bisten hawwe dêrtroch faak gjin oare kar as om har op kultuerlân te bejaan, dêr't se rispingen fan lânbougewaaksen oanfrette of ferneatigje, de produktiviteit fan 'e lânbou oantaaste, mei fee konkurrearje op it mêd fan beweiding en drinkwetter, fee bejeie (yn it gefal fan rôfdieren), en ynfrastruktuer skansearje. Ek boazet dêrtroch de kâns oan op 'e oerdracht fan sykten tusken wylde bisten en fee. Wannear't minsken de wylde bisten fan harren lân besykje te jeien, kinne se troch in oanfal fan in bist yn it nau ferwûne wurde of sels dea reitsje. Foar de bisten, ek as dy in wetlik beskerme status hawwe, nimt yn sokke sitewaasjes de kâns ek sterk ta dat se deareitsje troch streuperij yn 'e sin fan ûnfergunde bejaging.

Strategyen om it ûntstean fan konflikten tusken minsken en wylde bisten foar te kommen en, as dat net slagget, se sa gau mooglik te beëinigjen, binne it regulearjen fan 'e populaasjegrutte fan ûnderskate soarten wylde bisten en it fangen en ferpleatsen en, yn it uterste gefal, ôfsjitten fan probleemdieren. Yn 'e ienentweintichste iuw wurdt ek technology ynset. Sa kinne beskate soarten herbivoaren, dy't rispingen fan lânbougewaaksen oanfrette, fuortjage wurde troch fia lûdsprekkers de fokalisaasjes fan rôfdieren ôf te spyljen. Oare bisten kinne ferdreaun wurde mei lûde muzyk. Ek wurde de (fan gefal ta gefal ferskillende) útkomsten fan wittenskiplik ûndersyk op it mêd fan biology, ekology en sosjology tapast.

Mei't konflikten tusken minsken en wylde bisten direkt en yndirekt yngripende gefolgen hawwe foar sawol de belutsen minsken as de belutsen bisten, is it delbêdzjen en foarkommen fan sokke konflikten ien fan 'e heechste prioriteiten foar it behear fan wrâlds bioferskaat en beskerme natoergebieten. It oplossen fan 'e konflikten ferget in goed ynformearre, alomfetsjende oanpak, dêr't de belutsen minsken oan meiwurkje en dy't rekken hâldt mei de ûnderlizzende sosjale, kulturele en ekonomyske kontekst. Yn 2023 publisearre de SSC Human–Wildlife Conflict & Coexistence Specialist Group, in wurkgroep fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN), in dokumint mei rjochtlinen foar it oplossen fan konflikten tusken minsken en wylde bisten om ta in freedsum gearlibjen tusken minsken en bisten te kommen.

Kategory:Feehâlderij Kategory:Bou (lânbou) Kategory:Bist Kategory:Natoerbeskerming