De gieleachdo (Columba eversmanni) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae). De oantallen fan 'e fûgel binne troch jacht en ferlies fan leefgebiet tebekrûn.

Skaaimerken thumb|left|Gieleachdo yn Rajasthan. Gieleachdowen wurde 30 sm lang en lykje in soad op it gewoane blaudoke. Se binne meast griis, mar ha in brúneftige glâns op 'e boppedielen. De ûnderwjuk, stút en ûnderrêch binne wyt. De Fryske namme ferwiist nei de giele eachring.

Fersprieding De soarte komt fan noardeastlik Iran oant Sibearje, noardwestlik Yndia en West-Sina foar. Se libje dêr yn drûge gebieten en ek op kultuerlân en by delsettings.

Hâlden en dragen Gieleachdowen bouwe harren nêst yn holle beammen, gebouwen, rotsspjalten en holtes yn 'e grûn. Winterdeis binne se yn iepen gebieten mei genôch beammen te finen.

Status Yn 'e 19e en iere 20e iuw waard de soarte yn ûnbidich grutte kloften waarnommen, fral yn 'e Punjab, Yndia. Dêrnei folge in rappe delgong; fan 'e oerwinterjende groepen fan eartiids tûzenen fûgels oant groepen fan tsientallen fûgels oant heechút in pear hûndert fûgels. Njonken de jacht hat de soarte slim te leien hân fan it ferlies fan geskikt leefgebiet, dat troch yntinsyf agrarysk gebrûk feroare. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN hjoed-de-dei as kwetsber (VU, 2022) op 'e Reade list klassifisearre. Of de delgong trochset is net hielendal dúdlik. Der binne oanwizingen fan ien lokaasje yn Yndia dat de populaasje sûnt 2011 stadichoan tanimt. In rûzing út 2022 fan BirdLife International hâldt de wrâldpopulaasje op 10 oant 20 tûzen folwoeksen fûgels.

Namme De wittenskiplike namme waard yn 1856 foar it earst troch Charles Lucien Bonaparte publisearre, dy't de fûgel ferneamde nei de Dútske biolooch Eduard Friedrich Eversmann.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hôfdo Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan