De griene muskaatdo (Ducula aenea) is in fûgel yn it skaai muskaatdowen (Ducula) út de famylje dowen (Columbidae).

Beskriuwing De griene muskaatdo is in grutte do fan 45 sm lang. De rêch, wjukken en sturt binne irisearjend grien. De kop en ûnderkant binne wyt mei útsûndering fan 'e ûndersturtdekfearren, dy't kastanjebrún binne. Mantsjes en wyfkes binne itselde wat kleur oanbelanget.

Fersprieding De griene muskaatdo hat in grut ferspriedingsgebiet yn Aazje en der wurde alve ûndersoarten erkend:Gill, F, D Donsker & P Rasmussen (Eds). 2023. IOC World Bird List (v13.1). Archivearre op 30 maaie 2023. Ducula aenea sylvatica: fan noardlik Yndia en Nepal oant súdlik Sina oant Tailân en Yndosina. Ducula aenea pusilla: súdlik Yndia en Sry Lanka. Ducula aenea andamanica: Andamanen. Ducula aenea consobrina: eilannen westlik Sumatra, útsein Enggano. Ducula aenea polia: fan Maleizje oant de Filipinen en de Grutte- en Lytse Sûnda-eilannen. Ducula aenea palawanensis: Banggai-eilannen (noardlik Borneo) oant Palawan en de oanbuorjende eilannen. Ducula aenea fugaensis: Calayan, Camiguin en Fuga. Ducula aenea nuchalis: noardlik Luzon (noardlike Filipinen). Ducula aenea aenea: Filipinen. Ducula aenea intermedia: Talaud. Ducula aenea paulina: Selebes, Sangihe-eilannen, Togian-eilannen, Banggai-eilannen en Sûla-eilannen.

Status Alhoewol't de fûgel noch algemien is en yn dielen sels talryk, nimme de oantallen werom troch it ferlies fan habitat en yn guon gebieten ek de jacht. De oantallen binne foar 2000 bot werom rûn yn bygelyks Laos en Maleizje. Tusken 2001 en 2020 ferdwûn yn it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel 18% fan it bosk. De fûgel libbet yn gruttere oantallen yn yntakt bosk as yn degradearre bosk. Dêrfandinne wurdt de griene muskaatdo troch de IUCN as hast bedrige (NT, 2021) op 'e Reade list klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Muskaatdo Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren