Gustav Adolf Bredow (Krefeld, 1875 – Stuttgart, 1953) wie in Dútske byldhouwer en medaljeur.
Biografy thumb|220px|left|De Merkuriusfontein yn Ljouwert Bredow folge in oplieding oan de Keunstakademy Düsseldorf. Hy wurke nei syn stúdzje yn it atelier fan Clemens Buscher. Fan 1897 ôf wenne en wurke er yn Stuttgart.
Ek bûten Dútslân is wurk fan him te finen. Foar it Plaza Alemania yn Buenos Aires (Argentynje) makke er in fontein mei twa byldegroepen, dêr't er gebrûk foar makke fan lava út Rome, moarmer út Carrara en brûns. Doe't Bredow nei Argentinië reizge foar de ûntbleating bruts de Earste Wrâldoarloch út. Op de weromreis waard syn skip oanhâlden troch de Ingelsen. Hy waard ynternearre en bedarre nei in útwikseling fan finzenen yn 1918 yn it ynterneringskamp yn it Nederlânske Wolfheze. Hy late dêr in ambachtsôfdieling dêr't de finzenen ûnder mear lampen, klokken en paraplubakken neffens syn ûntwerp makken. "Het 'Kriegsgefangenenlager' Wolfhezen", Algemeen Handelsblad, 16 oktober 1918"Het kamp der Duitsche krijgsgevangenen te Wolfhezen.", Nieuwe Rotterdamsche Courant, 17 oktober 1918
Fanwege de 'Deutsche Verein Rotterdam' waard yn 1919 syn ûntwerp fan de 'Dútske dame as tinkteken oan ferstoarne Dútske ynternearden op de Algemene Begraafplaats Crooswijk (Rotterdam) pleatst. It grutste wurk fan Bredow yn Nederlân is lykwols de Merkuriusfontein, dy't yn 1923 troch de VVV skonken waard oan de stêd Ljouwert.
Nettsjinsteande de algemiene efterútgong fan skulpturale boudekoraasje yn de arsjitektuer yn de jierren 1920, bleau er suksesfol yn dizze perioade, bygelyks syn dielname oan de Dútske keunsttentoanstelling fan 1930 yn it Glaspalast yn München is dokumintearre. Kunstausstellung im Münchner Glaspalast, 1930 mit Aufzählung der teilnehmenden Künstler, rieplachte 18 juny 2017. Fan 1939 oant 1944 wie er fertsjintwurdige op alle grutte Dútske keunstútstallings yn München mei yn totaal alve wurken, dêr't Goebbels de metalen skulptuer Brunnenputte fan kocht foar 4000 RM yn 1944. Brunnenputte — Die Großen Deutsche Kunstausstellungen 1937 – 1944/45. Rieplachte 13 april 2022 Bredow waard opnommen yn de Gottbegnadeten-list as in wichtige byldzjend keunstner fan de nazysteat Klee, Ernst.: Kulturlexikon zum Dritten Reich : Wer war was vor und nach 1945. 1. Auflage. Fischer, S, Frankfurt am Main 2009, ISBN 978-3-596-17153-8, s. 69..
Galery
Kategory:Dútsk byldhouwer Kategory:Dútsk medaljeur Kategory:Persoan berne yn 1875 Kategory:Persoan stoarn yn 1953