Brune dowen (Phapitreron) foarmje in fûgelskaai út de famylje dowen (Columbidae).
De namme fan it skaai ferwiist nei de oer it generaal brune kleur fan 'e soarten. Se binne endemysk op 'e Filipinen. Alle soarten fan it skaai libje yn beammen, mar de ferskillende soarten libje yn ferskillende soarten bosk. Guon beheine har ta oerwâlden, wylst oaren waarnommen wurde yn sekundêr bosk of oare bosktypes. Se ite meast fruit en libje solitêr. Guon soarten ha opfallende swartwite streken op 'e kop en irisearjende nekfearren. Mantsjes en wyfkes lykje in soad op inoar.
Soarten It skaai bestiet út fouwer soarten.
Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Status / trend 120px Grutte brune do Phapitreron amethystinus net bedrige25pxPhapitreron amethystinus op Birdlife. 120px Mindanaooske brune do Phapitreron brunneiceps gefoelich 25pxPhapitreron brunneiceps op Birdlife. Tawitawido Phapitreron cinereiceps bedrige25pxPhapitreron cinereiceps op Birdlife. 120px Lytse brune do Phapitreron leucotis net bedrige25pxPhapitreron leucotis op Birdlife.
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Dofûgel