De smaragddo (Chalcophaps indica) is in fûgelsoarte yn it skaai smaragddowen (Chalcophaps) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae).
Skaaimerken thumb|left|Pearke smaragddowen. De 23 oant 27 sm lange smaragddo hat heldergriene, glânzgjende wjukken, in koraalreade snaffel en in jiskegrize foarholle. De rest fan it bealchje is meast rôzebrún of kastanjebrun. Op 'e griene wjuk sit in wyt skouderplak. De ûnderbúk is griis en de sturt swarteftich. It wyfkes hat gjin grize kroan mar is dêr brún en dêr't it mantsje mear rôzebrún is, is it wyfke mear ljochtbrún.
Fersprieding De fûgel libbet yn dielen fan Aazje yn tropysk en subtropysk bosk fan leechlannen oant berchgebieten. Se wurde faak waarnommen op 'e grûn by paden mei in soad skaad en komme ek yn parken mei in soad grien foar. De smarragddo is yntrodusearre yn Porto Riko.
Der binne seis ûndersoarten bekend:
Chalcophaps indica indica: fan Yndia oant súdlik Sina, Maleizje, de Filipinen, de Yndonezyske en de westlike Papoea Nij-Guineeske eilannen. Chalcophaps indica robinsoni: Sry Lanka. Chalcophaps indica maxima: Andamanen. Chalcophaps indica augusta: Nikobaren. Chalcophaps indica natalis: Krysteilân. Chalcophaps indica minima: Numfor, Biak en Num (by noardlik Nij-Guineä).
Status De smaragddo hat in grut ferspriedingsgebiet en de status net bedrige (LC, 2016). Alhoewol't der wol oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt, is dat net sa slim dat de fûgel as bedrige klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Smaragddo Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Krysteilân Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Eksoat yn Porto Riko