De TT (Tourist Trophy) Assen is in jierlikse motorrace op it TT sirkwy by Assen, yn de Nederlânske provinsje Drinte. Fan 2016 ôf wurdt de TT Assen hâlden op snein yn it lêste wykein yn juny, foarhinne waard dizze tradisjoneel op de lêste sneon fan juny ferriden. Alle Grutte Priis klassen komme by de Dutch TT oan bar. Troch de ynkrimping fan it tal klassen binne dit no Moto3, Moto2, MotoGP en de MotoE. De MotoE makke yn 2021 syn debút.
Eartiids makken 50cc, 80cc, 125cc, 250cc, 350cc, 500cc en sydspannen hjir diel fan út. Sûnt in pear jier wurdt de sydspanklasse ferriden yn in apart kampioenskip, mar makket dy gjin diel mear út fan de Grutte Priis. Foarôfgeand oan de Dutch TT binne der, lykas foar elke Grand Prix, inkelde trainingen en in kwalifikaasje foar it bepalen fan de startposysjes fan de race. Yn de wike foar de racedei wurdt yn Assen it TT Festival hâlden, wêryn't ferskate aspekten fan de motorsport te sjen binne. Fierder is der in merke en binne der meardere dagen muzykkonserten, dj's en oare ferdivedaasje, mei ûnder oare de ferneamde TT Nacht foarôfgeand oan de wedstriiddei.
Skiednis It begjin Yn 1922 waard de Motorclub "Assen en Omstreken" oprjochte dy't begjin 1925 it plan opfette om in dykwedstriid te organisearjen. Al yn 1922 wiene der al plannen om in Nederlânske wedstriid yn Belgje te organisearjen, dit omdat it oant dan ta ferbean wie om wedstriden op de iepenbiere dyk te organisearjen. Mei de nije Motor- en Fytswet fan 1924 waard de mooglikheid bean om dêrfoar in ûntheffing oan te freegjen. De oanlis fan in nije dyk tusken Rolde en Borger wie foar foarsitter Dieters fan de Motorclub Assen en Omstreken reden om opnij oer in dykwedstriid nei te tinken.
Op sneon 11 july 1925 ferskynden 27 koereurs oan de start foar de earste TT oer in parkoers mei in lingte fan 28,4 kilometer. It parkoers ferrûn net oer in glêd strutsen sirkwy, mar oer klinkerts - en sânwegen tusken de trijehoeke Rolde–Borger–Schoonloo. Uteinlik wisten fiif koereurs de finish te heljen. De rapste wedstriidomgong kaam op namme fan Bertus van Hamersveld mei in omgong fan 104,0 km/o.
By de twadde edysje fan de TT yn 1926 waard der op in nij parkoers riden dat by de folgjende plakken del gie: De Haar, Barteldsbocht (by Assen), Oude Tol (healwei Hooghalen), Hooghalen, Laaghalen en Laaghalerveen. De organisaasje hie hege ferwachtingen fan it evenemint en der waarden dan ek tribunes boud by de start yn Hooghalen en yn Laaghalerveen om de ferwachte besikers te herbergjen. Uteinlik waarden der mar 2600 kaartsjes ferkocht.
Ynternasjonale wedstriid Hoewol't der yn 1926 al riders út Belgje troch KNMV-ynskriuwing meidiene oan de TT, waard de TT offisjeel fan 1927 ôf in ynternasjonale wedstriid alhoewol't net alle ferneamde koereurs fan dy tiid meidiene oan de wedstriid trochdat it ynklamme lei tusken de TT fan Man en de Grutte Priis fan Dútslân. 14.000 taskôgers kamen op de tredde edysje ôf, wat troch de organisatoaren as suksesfol bestimpele waard.
De tsiende edysje fan de TT Assen yn 1934 waard op 23 juny 1934 ferriden. De wedstriid wie tagelyk de alfde Grutte Priis fan Europa der F.I.C.M. Der waard yn de klassen 175-, 250-, 350- en 500cc striden om it Europeesk kampioenskip. It evenemint berikte dêrmei sawol in nij dielnimmersrekôr, der diene 120 koereurs mei. Dêr't it Europeesk kampioenskip yn 1934 noch oer ien evenemint ferriden waard, waarden yn 1938 en 1939 by ferskate eveneminten, wêrûnder de TT Assen, punten sammele foar it kampioenskip. De edysje fan 1939 soe fanwegen it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich foarearst de lêste TT yn Assen wurde.
Nei de kriich Nei de kriichsjierren wiene de tribunes, omgongsbuorden en oare oanklaaiïng fan it sirkwy net mear yn brûkbere steat en tsjinne it sirkwy in opknapbeurt te ûndergean foardat der in wedstriid organisearre wurde kinne soe. Begjin augustus 1946 krige de KNMV fergunning om fjouwer wedstriden te organisearjen, wêrûnder de TT Assen. De ynternasjonale toppers fan foar de kriich namen net diel, wêrtroch't de wedstriden troch de Nederlanners wûn waarden.
Yn de rin fan 1947 ferskynden der berjochten yn de krante dat de TT yn 1947 net trochgean soe fanwegen ûnienichheid tusken koereurs feriene yn it Nederlânske ridersbûn en de organisatoaren oer de startjilden. Nei't de ûnienichheid bylein wie, gie it evenemint dochs troch. Ek kamen de ynternasjonale koereurs wer yn Assen oan de start. Omdat de Isle of Man TT en de Grutte Priis fan Europa yn Bern sawat lyktidich ferriden waarden, soe de TT Assen de earste krêftmjitting tusken de Britske en kontinintale riders wurde. De Italjaanske koereurs namen mei harren 250cc Moto Guzzi's diel oan de 350cc-klasse. De organisaasje hie lykwols it fermoeden dat de motoaren net meikomme kinne soene mei de Ingelske Velocettes en Nortons en besleat om foar de wissichheid in apart prizeskema foar de 250cc-masines yn te stellen.
It FIM wrâldkampioenskip Yn 1949 stelde de FIM foar it earst in wrâldkampioenskip yn, wêryn't ek de TT Assen opnommen waard. Yn Assen waarden wedstriden yn trije klassen ferriden, de 125-, 350- en 500cc. Yn earste ynstânsje wie it doel om de 350- en 500cc-klassen lyktidich ferride te litten yn twa searjes en in finale, dat waard lykwols troch de FIM ôfwiisd. De 125cc-klasse lei sân omgongen ôf (115,75 km); de 350cc 15 omgongen (248 km) en de 500cc 16 omgongen (264,58 km). Fan 1955 ôf wurdt net mear op in strjitsirkwy riden mar op it TT-Sirkwy Assen dêr't it hjoeddeistige permaninte sirkwy in (lyts) part fan útmakket.
De edysje fan 1962 barde der op de lêste trainingsdei in deadlik ûngelok de Nederlanske koereur Hans Schuld gie ûnderút en ferstoar. Yn 1977 waard de 500cc yn Assen foar it earst wûn troch in Nederlânske koereur, Wil Hartog wie dat jier syn konkurrinsje te slim ôf. Trije jier letter wist Jack Middelburg de 500cc te winnen.
De wedstriid foar de sydspan ferdwûn nei 1996 fan it programma. De 500cc waard yn 2001 ferfongen troch de MotoGP klasse, de 250cc klasse waard yn 2011 de Moto2 klasse, de 125cc klasse bleau oant 2011 bestean.
Yn 2020 wie der foar it earst sûnt de ein fan de Twadde Wrâldkriich gjin Dutch TT, om't fanwegen de hearskjende firus pandemy yn Nederlân moannenlang gjin eveneminten organisearre wurde mochten. In alternative datum letter dat jier bliek net helber te wêzen.
Nederlânske winners Jier Koereur Klasse Motor1927Han van Kooten350cc Harley-Davidson1948Dirk Renooy125ccEysink1968Paul Lodewijkx50ccJamathi1977Wil Hartog500ccSuzuki1980Jack Middelburg500ccYamaha1987Egbert Streuer,Bernard SchniedersSydspanYamaha1989Hans Spaan125ccHonda1991Egbert Streuer,Peter BrownSydspanYamaha
Wedstriidklassen Jier Klassen 1925 250cc350cc500cc 1926 175cc750cc1000cc 1927 1928-1930 1931 1932-1934 175cc 1935-1939 1946 125cc 1947 1948-1951 125cc 1952-1954 250cc 1955-1958 Sydspan 1959 1960-1961 350cc 1962-198250cc 1983 1984-1989 80cc 1990-1996 1997-2001 2002-2010 MotoGP1000cc2011 Moto2765cc2012-2019 Moto3250cc2021-2025 MotoE2026-
Kategory:Motorsport yn Nederlân Kategory:Sport yn Drinte Kategory:Assen Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1925