In reinskaad of reinskâd is in gebiet mei sterk fermindere delslach yn 'e lijte fan in berchtme.

Ut mânske oerflaktewetters, lykas de see of grutte marren, ferdampt focht, dat yn 'e foarm fan wolkens op 'e wyn nei de kust en it waarmere binnenlân ta waaid wurdt. As de wolkens dêrby in berchtme tsjinkomme, wurde se berchop waaid, nei de toppen fan it berchtme, dêr't it focht yn 'e kâldere lucht úttinet en ôfkuollet, mei as gefolch dat it kondinsearret. Dat yngewikkelde natuerkundige proses kin sa gearfetten wurde: om oer it berchtme hinne te kommen, moat de lucht syn focht loslitte, dat op 'e ierde delfalt yn 'e foarm fan delslach. Dat sil almeast rein wêze, mar heech yn 'e bergen ek snie.

It gefolch is dat de lucht, as dy oer de bergen hinne is, mar in hiel lyts bytsje focht mear befettet. Yn 'e lijte fan it berchtme ûntstiet sadwaande troch dit proses in krite mei in tige drûch klimaat. Dat wurdt noch oanboaze trochdat de drûge lucht oan dy kant fan 'e bergen opwaarme en dêrtroch geardrukt wurdt, wat hjitte föhnwinen produsearret, dy't by de bergen del waaie nei de drûge krite. Dat gebiet is yn 'e regel in steppe of in woastyn. Om't der gjin rein falt, seit men dan dat it yn it reinskaad fan 'e bergen leit.

Foarbylden fan regio's dy't yn it reinskaad fan in berchtme lizze, binne: de Sahara, dy't noch drûger makke wurdt trochdat yn it noardwesten it Atlasberchtme alle delslach ôfkomstich fan 'e Atlantyske Oseaan tsjinkeart; de woastinen yn 'e Hoarn fan Afrika lizze yn it reinskaad fan it Etiopysk Heechlân; it Tibetaansk Heechlân en de Gobywoastyn lizze yn it reinskaad fan 'e Himalaya; de Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn 'e westlike Feriene Steaten leit yn it reinskaad fan 'e Cascades en de Sierra Nevada.

Kategory:Hydrology Kategory:Meteorology Kategory:Geografy Kategory:Delslach