TT Sirkwy Assen (ek bekend as Sirkwy fan Drinte) is in sirkwy foar foaral motorsport dat besuden fan Assen leit. It sirkwy waard yn 1955 boud ta ferfanging fan it strjittesirkwy by Assen ( De Haar, Barteldsbocht (bij Assen), Oude Tol (healwei Hooghalen), Hooghalen, Laaghalen, Laaghalerveen) dat sûnt 1926 foar de TT brûkt wie.
It sirkwy Yn 1955 waard it fernijde sirkwy mei in lingte fan 7705 meter yn gebrûk nommen. Yn 2005 en 2006 waard it oant ûnderwilens 6027 meter ynkoarte sirkwy yngreven renovearre. De Noardlus fan it sirkwy waard foar in grut part ôfbrútsen en dêrmei de totale lingte fan it sirkwy mei mear as in kilometer ynkoarte. It dêrtroch oerbleaune terrein waard ferkocht oan projektûntwikkelers dy't it gebiet TT-World neamden. Dêrmei ûntstie oan de noardkant fan it sirkwy in kompakte struktuer dy't fan de omlizzende tribunes ôf goed te oersjen is. De bochten fan it nije part krigen de nammen fan de âlde bochten: Haarbocht, Madijk, Ossebroeken en Strubben. It hjoeddeistige sirkwy hat in lingte fan 4555 meter (4545 meter mei de rappe Ruskenhoek) en in breedte fan 10-14 meter. It langste rjochte ein is 970 meter.
Yn it meastepart fan de bochten rûn it weidek ôf nei de binnenkant. Dizze ferkânting, mei-inoar mei it tige roege asfalt, makke dat op it âlde sirkwy in hege faasje yn de bochten mooglik wiene. Ek as it weidek wiet wie bleau de grip heech. Under oare Madijk en Ossebroeken yn de âlde Noardlus hiene sawat 8% oan ferkânting. Allinne yn de bocht Stekkenwal is noch sprake fan dizze ekstreme ferkânting. De bochten Haarbocht, Ossebroeken en Strubben yn de nije noardlus sitte op sawat 4,5 -5%. Yn 2010 it sirkwy opnij oanpast. De bocht 'Ruskenhoek' is feroare en is wat rapper wurden, mar krige ek in stadige fariant mei deselde namme.
Oare aktiviteiten Njonken motorsport binne der ek oare aktiviteiten op it TT Circuit. Sa is it Truckstar Festival al sûnt 1980 in jierliks weromkearend evenemint mei frachtweinen yn it lêste wykein fan july. Der wurde konserten op it sirkwy hâlden. En yn 2009 fûn de prolooch fan de Omgong fan Spanje op it sirkwy plak. Yn 2010 kaam dêr de TT Run by, in hurdrinevenemint foar profs, amateurs en bedriuwen.
Baanlingte troch de jierren hinne 1955-1983 - 7.705 m 1984-1989- 6.134 m (Witterhaar, Bedeldijk, Stroomdrift en De Vennen ferdwine) 1990-2001 - 6.049 m (troch ferbreding nei 10 meter) 2002-2004 - 6.027 m (troch ferbreding it rennerskwartier en ferlizzing fan Mandeveen en Duikersloot) 2005 - 5.997 m (troch it feroarjen fan De Bult en de Ruskenhoek) 2006-2009 - 4.555 m (troch opheffing noardlus) Vanaf 2010 - 4.545 m (troch wiziging Ruskenhoek)
Sjoch ek TT Assen
Assen Kategory:Bouwurk út 1955 Kategory:Bouwurk yn Drinte Kategory:Assen