De Pasifyske smaragddo (Chalcophaps longirostris) is in fûgelsoarte yn it skaai smaragddowen (Chalcophaps) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae).

Beskriuwing De Pasifyske smaragddo is in stevige, middelgrutte do fan 23 oant 28 sintimeter lang. De rêch en wjukken binne helder smaragdgrien. De flechtfearren en sturt binne swarteftich en yn 'e flecht binne brede swarte en wite bannen op 'e ûnderrêch te sjen. De kleuren fan 'e kop en ûnderkant binne wynread. Nei de ûnderbúk giet it wynread oer yn griiseftich. De eagen binne donkerbrún, de snaffel helderread, en de poaten readbrún.

Mantsjes ha in wyt plak op 'e râne fan 'e skouders en in grize krún, dy't by wyfkes ûntbrekke. Wyfkes binne oer it generaal bruner mei in griis plak op 'e skouders.

Fersprieding De Pasifyske smaragddo komt foar yn noardlik en eastlik Austraalje, de Molukken, Papoea Nij-Guineä en Timor yn tropysk bosk, mangrovebosken en somtiden yn parken tichteby bewenne gebieten.

De do wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten:

Chalcophaps longirostris timorensis: de eastlike Lytse Sûnda-eilannen. Chalcophaps longirostris longirostris: noardelik Austraalje. Chalcophaps longirostris rogersi: eastlik Austraalje, Lord Howe en Norfolk en Nij-Guineä. Chalcophaps longirostris sandwichensis: Santa Cruzeilannen, Fanûatû (ynklusyf de Bankseilannen) en Nij-Kaledoanje.

Hâlden en dragen It iten bestiet út sied en fruchten. Se binne meast op 'e grûn te sjen, faak yn pearkes of allinnich of lytse groepkes. It nêst is ienfâldich fan wat tûkjes yn lege beammen. In lechsel bestiet út ien oant twa aaien.

Status De soarte wurdt as net bedrige (LC, 2016) op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre, mar de oantallen rinne nei alle gedachten tebek troch predaasje fan katten en rotten.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Smaragddo Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Norfolk (eilân) Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor