Stephans smaragddo of de stephansmaragddo (Chalcophaps stephani) is in fûgelsoarte yn it skaai smaragddowen (Chalcophaps) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae).
Beskriuwing De Stephans smaragddo is lyts, rustbrún doke fan 20 oant 24 sm lang mei smaragdgriene wjukken, in oranje snaffel en in ljochte foarholle, dy't wyt is by it mantsje en griis by it wyfke. De brune rêch, brune sturt en it plak op 'e foarholle ûnderskiede him fan 'e oare soarten yn it skaai. By de Stephans smaragddo (Chalcophaps stephani) falt ek in lyts, mar dúdlik wyt of ljocht plak efter of boppe it ear op, dat by de oare twa soarten fan it skaai ûntbrekt.
Fersprieding Stephans smaragddowen komme foar yn Yndoneezje, Papoea Nij-Guineä en de Salomonseilannen. Der binne trije ûndersoarten:
Chalcophaps stephani stephani: de Kei-eilannen, Nij-Guineä, de Admiraliteitseilannen en de Bismarckarsjipel. Chalcophaps stephani wallacei: Selebes en de Sûla-eilannen. Chalcophaps stephani mortoni: de Salomonseilannen (fan Bougainville oant San Cristóbal en Santa Anna).
Status De populaasje fan 'e soarte wurdt as stabyl beskôge en de IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2018) op 'e Reade list.
Namme De namme fan 'e fûgel ferwiist nei Étienne Stephan Jacquinot (1776–1840), de heit fan 'e Frânske ûntdekkingsreizger Charles Jacquinot.World Bird Names.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Smaragddo Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen