De poarperbângrûndo (Paraclaravis geoffroyi, synonym: Claravis geoffroyi en Claravis godefrida) is in fûgelsoarte yn 'e famylje dowen (Columbidae). De fûgel waard yn 1811 beskreaun troch de Nederlânske natuerûndersiker Temminck, dy't de soarte nei de Frânske natuerûndersiker Étienne Geoffroy Saint-Hilaire ferneamde. De do wurdt tige bot bedrige en as de fûgel noch bestiet komt er allinnich foar yn 'e lêste stikjes fan syn oarspronklike habitat, dy't noch net goed ûndersocht binne.
Skaaimerken De fûgel wurdt 18 oant 24 sm en weaget 89–95 gram. De fûgel hat in soad fan 'e poarperboarstgrûndo (P. mondetoura), mar is wat bleker. It mantsje is blau-griis, donkerder fan boppen as fan ûnderen, en hat twa brede poarperen bannen oer de optearde wjuk, dy't ljocht irisearje. It wyfke is hielendal lochtbrún mei sêftere bêzje dielen en hat ek bannen oer de wjuk.
Fersprieding Gebieten dêr't de soarte potinsjeel noch bestean kin binne Mata Atlantica yn súdeastlik Brazylje, de eastlike punt fan Paraguay en noardeastlik Argentynje. Syn habitat bestiet út de tichte ûndergroei fan bamboebosken yn 'e tropyske berchreinwâlden oant 1400 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen De poarperbândo libbet meast op 'e grûn en net yn beammen. Se binne folslein ôfhinklik fan in bysûndere soarte bamboe, dy't út en troch bloeit. Allinnich as dy bamboe sied jout, kin de do genôch fretten fine. Dêrom is de fûgel net honkfêst, mar hy folget it bloeipatroan fan 'e bamboe.
Status Sûnt 1994 wurdt de soarte earnstich bedrige en der binne al dy tiid dêrnei gjin wisse waarnimmingen mei lûdsfragminten of ôfbylden dien. Dêrfandinne kin it wêze dat de fûgel al útstoarn is en yn alle gefallen op 'e râne fan útstjerren stiet. De fûgel is foar in grut part syn habitat kwytrekke mei't de Atlantyske reinwâlden oan 'e ein fan 'e 20e iuw grutskalich yn plantaazjes feroaren, wêrtroch't it oarspronklike bosk fragmintearre is en de tichte bamboebosken te fier út inoar lizze om in sûne populaasje te hanthavenjen. De fûgel wurdt dêrfandinne troch de IUCN op 'e Reade list as krityk klassifisearre.
As de poarperbângrûndo noch bestiet, dan soe de totale populaasje ú maksimaal 50 oant 249 fûgels bestean.
Finzenskip Yn 'e jierren 1970 oant de lette jierren 1980 wie der yn Brazylje in finzen populaasje fan mear as 150 fûgels. Nije regels fan 'e Instituto Brasileiro do Meio Ambiente e dos Recursos Naturais Renováveis (IBAMA) foar de avikultuer late ta de ûntbining fan in soad dowefokkerijgroepen, dy't de fûgels nei IBAMA-autorisearre fokkers stjoerden, dy't net in soad wisten oer de fersoarging fan 'e soarte. Op dat stuit wie it ek net bekend hoe slim de soarte yn it wyld bedrige waard. Nei alle gedachten is dy finzen populaasje healwei de jierren 1990 útstoarn sûnder neiteam te produsearjen. Dêrmei gie ien fan 'e bêste kânsen om de soarte foar de takomst te behâlden ferlern. Fan 'e eardere dowefokkers binne lûdsfragminten bewarre bleaun, dy't fan tige grut belang binne by it detektearjen fan 'e soarte yn 'e wylde natuer.
Kategory:Poarpergrûndo Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dofûgel Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay