thumb|Folksboaten werom fan in regatta op 'e Flensburgfjord De Sessanbeker, yn it Sweedsk "Sessanpokalen", is yn 1957 ynsteld troch de Sweedske Sessan Line, as in útdagingsbeker foar Noardske Folksboaten. De regels en de sylplakken wurde koordinearre troch it NFIA.
De race is in freonlike ploegekriich, mei ploegen fan twa boaten. Ornaris alle twa jierren wurdt foar de Sessanbeker syld. Fòàr 1976, wie dat as yn kriich sile yn Sweden tusken ploegen fan stêden oan de Sweedske westkust. Sûnt 1976 is it in ynternasjonale regatta dy't alle twa jier syld wurdt yn Denemark, Dútslân, Sweden of it Feriene Keninkryk. De boaten binne lykwols lokale boaten, mei allinnich de skipper en ien oare siler part fan de besykjende ploech, en foar de tredde persoan immen fan it gastlân. De winners hâlde de trofee oant it folgjende evenemint, en hja moatte dy yn goede tastân hâlde. Dat omfiemet it skjin hâlden, mar ek ferantwurdlikens foar it fersekerjen wylst de trofee yn harren soarch is.
Lokaasjes 1952: Goateboarch: Wûn troch Göteborgs Folkbåtsklubb. 1954: Goateboarch: Wûn troch Norrköping. 1955: Rastaholm: Wûn troch Goateboarch. 1961: Rasta 1967: Wûn troch Stokholm 1968: Wûn troch Goateboarch 1972: Goateboarch: Wûn troch Goateboarch Begjin fan ynternasjonale organisasje: 1973: Finlân - Helsinki: Wûn troch Hangö, Finlân. 1974: Sweden - Nyborg: Wûn troch Kerteminde, Denemark. 1975: Sweden - Goateboarch: Wûn troch Goateboarch. Formeel begjin fan de ynternasjonale regattas: 1976: Wûn troch Ostkustens Folkbåtsklubb. 1977: Wûn troch Folkebootsflotte Schleswig, Dútslân. 1978: Wûn troch Kerteminde Sejlklub, Denemark. 1979: Wûn troch Súd- en Eastkust. 1980: Denemark - Rungsted (Sont): Wûn troch Folksboatsfloat Kiel/ Sleeswyk, Dútslân. 1981: Dútslân: Wûn troch Ostkustens Folkbåtsklubb. 1982: Wûn troch Ostkustens Folkbåtsklubb. 1983: Wûn troch Roskilde Sejlklub, Denemark. 1984: Wûn troch Hellerup Sejlklub, Denemark. 1986: Wûn troch Naantali/Turku, Finlân. 1987: Wûn troch Tranås Sydkustens Folkbåtsklubb, Sweden. 1989: Dútslân - Berlin (Wannsee); organisearre troch Seglerverein Stößensee: Wûn troch Kerteminde Sejlklub. 1993: Dútslân - Berlin (Wannsee); organisearre troch Seglerverein Stößensee: Wûn troch Blekinge Folkbåtsflottilj 1994: Denemark - Kerteminde: Wûn troch de Schlei-float. 1997: Dútslân - Berlin (Wannsee); organisearre troch Seglerverein Stößensee: Wûn troch Schlei-Segel-Club. 1998: Sweden - Stokholm; organisearre troch Vikingarnas Segelsällskap: Wûn troch in Deenske ploech. 2004: Sweden - Stokholm; organisearre troch Vikingarnas Segelsällskap: Wûn troch de Deenske ploech. 2008: Dútslân - Berlin (Wannsee); organisearre troch Seglerverein Stößensee; 2014: Dútslân - Berlin (Wannsee); organisearre troch Seglervereinigung 1903: Wûn troch Kolding. Troch umstannichheden gjin treffen. 2022: Feriene Keninkryk - Lymington (Solent); organiseare troch de Royal Lymington Yacht Club: Wûn troch in Deenske ploech. Takomst: 2025: Nederlân - Muiden (IJmar); organisearre troch de KNZ&RV. 2027: Noch net oanwiisd.
Boarnen Stadskappseglingarna // Sessanpokalen
Kategory:Sweedske sportpriis Kategory:Silen yn Sweden Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1957