Poargergrûndowen (Paraclaravis) foarmje in fûgelskaai út de famylje dowen (Columbidae). De wíttenskiplike namme fan it skaai is foar it earst yn 2018 publisearre. It skaai omfiemet twa soarten, dy't earder by blauwe grûndo (Claravis pretiosa) yn it skaai Claravis hearden en hat syn fersprieding yn Midden- en Súd-Amearika.
Karakteristyk fan it skaai is dat de mantsjes fral griisblau binne en wyfkes brún. Mantsjes en wyfkes yn it skaai ha in pear ûnderskiedende bannen of plakken op 'e wjukken. Beide soarten binne lokaal en seldsum oanwêzich en wurde assosjearre mei bloeiende bamboe. Ien soarte is mooglik útstoarn mei't der sûnt de jierren 1990 gjin betroubere waarnimmingen mear dien binne.
Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Status * / trend * 120px Poarperbângrûndo Paraclaravis geoffroyi krityk25pxParaclaravis geoffroyi op Birdlife. 120px Poarperboarstgrûndo Paraclaravis mondetoura net bedrige 25pxParaclaravis mondetoura op Birdlife.
Kategory:Dofûgel Kategory:Fûgelskaai