De Noardske Folksboat is in klinkerboude ien-ûntwerpsklasse sylboat.
Oarsprong Op inisjatyf fan de Keninklike Sylferiening fan Goateboarch (1939) waard op de jiergearkomste fan de Skandinavyske Sylferiening (1940) besletten om in ûntwerpwedstriid út te roppen foar de bou fan in "Skandinavyske folksboat". Tord Sundén waard ynhierd om de ynstjoerings troch ferskate priiswinners gear te bringen ta ien ûntwerp.
Fersprieding De earste Noardske Folksboat waard boud yn Sweden (Arendalsverftet, 1941). De boat is ynternasjonaal erkend en hat in tal fan entûsjaste klups, dêr't de Sweedske Folk Boat Association, yn 1944 de earste fan wie. Foar de boat wurde ferskate regatta's organisearre. Sûnt 1976 binne glêsfezelrompen goedkard. De totale produksje (mear as 4000) is for it meast ferdield tusken Sweden (1450), Denemark (1200), Finlân (450), Dútslân (800) en de Feriene Steaten (100).
Sjoch ek Sessanbeker
Keppelings om útens Tússide fan de Ynternasjonale Folks-Boat Feriening Nederlânske Folksboatklub
Kategory:Sylboat Kategory:Yntroduksje út 1941