De wompûfruchtdo of wompûjufferdo (Ptilinopus magnificus) is in fûgelsoarte yn it skaai fruchtdowen (Ptilinopus) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae). De soarte waard offisjeel beskreaun yn 1821 troch de soölooch Coenraad Jacob Temminck oan 'e hân fan in eksimplaar, dat oan 'e eastlike kust fan Austraalje sammele wie. De namme fan 'e soarte is in onomatopee basearre op 'e rop dy't er makket.

Beskriuwing thumb|left|Wompûdo yn Queensland. De kleurrike fûgel is meast giel en grien mei in djippears boarst. De boppebúk is ek djippears mar de ûnderbúk wurdt gieloranje. De kop en de hals binne griis oant grien. It fearrekleed is by beide skaaien gelyk. De do wurdt oant 45 sm lang, mar yn 'e noardlike dielen fan it ferspriedingsgebiet binne se lytser. De snaffel is read en nei de ein ta giel.

Hâlden en dragen It iten fan 'e soarte bestiet út fruchten, fral figen, palmfruchten en fruchten fan kanielbeammen. Se binne fral oan 'e rânen fan 'e reinwâlden te finen, mar wurde somtiden ek yn kultuer brochte gebieten waarnommen as der mar genôch fruitdragende beammen en boskjes oanwêzich binne. Se wurde selden op 'e grûn sjoen en dogge dat allinnich om wat te drinken. Se libje it grutste part heech yn 'e beammen, dêr't se fruchten sykje.

De briedtiid leit yn 'e midden fan it drûge seizoen en einiget yn it begjin fan it reinseizoen. It nêst wurdt tusken 3 en 4 m boppe de grûn boud en bestiet út wat tûkjes. In lechsel bestiet út ien wyt aai. Beide skaaien briede op it aai en nei it útkommen fersoarget sawol it mantsje as it wyfke it jong.

Fersprieding De soarte libbet yn 'e reinwâlden fan Nij-Guineä en it noardeasten en easten fan Austraalje. Der binne fiif ûndersoarten erkend:

P. m. puella: westlik Papoea Nij-Guineä en Fûgelkop (noardwestlik Nij-Guineä). P. m. poliurus: súdeastlik Nij-Guineä. P. m. assimilis: Kaap York-skiereilân (noardeastlik Austraalje). P. m. keri: noardeastlik Queensland (noardeastlikk Austraalje). P. m. magnificus: súdlik Queensland en noardlik New South Wales (eastlik Austraalje).

De fûgel is foar in part in trekfûgel.

Status De Wompûfruchtdo is algemien yn it ferspriedingsgebiet en wurdt op 'e Reade list troch de IUCN as net bedrige klassifisearre. Benammen yn Austraalje hat de fûgel te lijen hân fan habitatferlies, mar dêr wurdt de fûgel en syn habitat hjoed-de-dei effektyf beskerme, wylst de ûntbosking op Nij-Guineä sûnt 2010 hurd giet troch ynfrasktrukturele projekten, mynbou, houtkap en omsetten yn plantaazjes. Fragmintaasje fan bosk makket de fersprieding fan sied fan fruchtbeammen dreger. Minder fûgels betsjut minder fruchtbeammen en dat laat wer ta noch minder fûgels. Dêrnjonken kinne katten en foksen in bedrige wêze foar aaien en jonge fûgels. Alhoewol't in rûzing fan oantallen ûntbrekt, wurdt der fanút gien dat de soarte yn oantallen ôfnimt.

Kategory:Fruchtdo Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä