De poarperboarstgrûndo (Paraclaravis mondetoura, synonym (Claravis mondetoura) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai poarpergrûndowen (Paraclaravis) út de famylje dowen (Columbidae).

Skaaimerken De fûgel wurdt 18 oant 24 sm lang en weaget 89 oant 95 gram. Mantsjes binne blaugriis mei donkerder boppedielen as ûnder. Se ha in ljochter gesicht en in readbrún boarst. Op 'e optearde wjuk hat de fûgel trije poarperen bannen. De sturt is ek blaugriis mei wite bûtenfearren. Wyfkes binne hielendal brún, ha in kanielkleurich gesicht en readbrune bannen op 'e wjuk. De fearren fan mantsjes skimerje yn it sinneljocht mear as dy fan wyfkes.

Fersprieding De fûgel libbet yn 'e berchbosken fan Midden- en Súd-Amearika fan súdeastlik Meksiko oant it westlike diel fan Sintraal-Bolivia, De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten bestiet.

It habitat bestiet út de tichte ûndergroei fan berchbosken, spesifiker bamboebosken tusken 900 en 3000 m boppe de seespegel.

Hâlden en dragen De fûgel is lykas de oare soarte yn it skaai, de poarperbângrûndo, sterk ôfhinklik fan it sied fan bamboe. Bamboe bloeit net oeral tagelyk en de fûgel folget dêrfandinne de bloei fan bamboe. Se libje it grutste part fan 'e tiid op 'e grûn.

Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 2019 op 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige klassifisearre. Bedrigingen binne it ferdwinen fan bamboebosken foar lânbou en ûntwikkeling. Dêrnjonken is de fragmintaasje in grut gefaar, om't der dan gatten falle yn 'e beskikberens fan bamboesied. In lytsere bedriging foarmet de hannel yn 'e fûgel. De populaasje fan 'e soarte nimt ôf, mar net sa hurd dat de soarte as bedrige beskôge wurde kin.

Kategory:Poarpergrûndo Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dofûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû