Tropismes (Frânsk, betsjutting: "Tropismen") is in ferhalebondel fan de Russysk-Frânske skriuwster Nathalie Sarraute, publisearre yn 1939 troch Éditions Denoël, Parys. De earste ferhalen yn de bondel wienen lykwols al fan 1932. It boek wie har earste wurk, en wurdt sjoen as in foarrinner fan de Nouveau Roman. It waard lykswols earst in sukses yn 1957 doe't Éditions de Minuit it op'e nij útjoech. Der is lykwols gjin útjefte yn it Frysk fan.

Ynhâld De titel ferwiist nei tropismen: Prikels foar plantgroei. Yn 'e minsklike sin stelde Sarraute tropismen foar as "ynwindige hannelings dy't ús wurden en aksjes foarôfgeane en tariede, op 'e grinzen fan ús bewustwêzen". De kolleksje bestiet út fjouwerentweintich selsstannige teksten; sketsen fan skynber ynstinktive bewegings binne, opwekke troch de oanwêzigens fan oaren, of troch de wurden fan oaren.

Wurdearring Tropismes waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Kategory:Literêr wurk fan Nathalie Sarraute Kategory:Frânsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 1939