thumb|Titelblêd fan Der Geitzhals auf der Insel Silt (1809) fan Jap Peter Hansen Jap Peter Hansen wie in seeman en skriuwer fan it Noardfryske eilân Söl. Hy skreau yn it Sölring en Dútsk.

Biografy Jap Peter Hansen waard berne op Sylt as twadde soan fan koster Peter Hansen. Nei jierren as seeman folge er yn 1800 syn heit op yn Westerlân (Söl) en naam er ek de baan fan syn omke Carsten Hansen oer as navigaasje-ynstrukteur. Hansen waard yn 1820 oerpleatst nei Keitum.

Hy skreau rekkenboeken en skreau it Frysktalige toanielstik Di Gidtshalts, of di Söl'ring Pid'ersdei (“Der Geizhals, oder Sylter Petritag”; titel fan de 2e printinge) wylst er noch seeman wie - nei alle gedachten tusken 1788 en 1792 - dat yn 1809 drukt waard ûnder de Dútske titel Der Geitzhals auf der Insel. Dietrich Hofmann: Der Sylter Petritag. Eine friesische Komödie aus dem Ende des 18. Jahrhunderts. Yn: Nordfriesisches Jahrbuch 1965, s. 94–108. Mei dit wurk hat er oan de widze stien fan de moderne Noardfryske literatuer en stavering. Yn 1833 waard Hansen syn ferhaal Di lekkelk Stjüürman (De 'lokkige roergonger') publisearre as in ferfolch op de Sylter Petritag. Ommo Wilts: Die nordfriesische Literatur. Yn: Horst Haider Munske u.a. (Hrsg.): Handbuch des Friesischen. Tübingen 2001, s. 396–408.

De kronykskriuwer fan it eilân Söl, Christian Peter Hansen, is syn soan. Neffens syn soan makke en ferkocht syn heit mear as 4.000 trigonometryske skalen fan buksushout. It Museum Altfriesisches Haus yn Keitum op Söl ferhellet oer it libben fan Jap Peter Hansen en syn soan.

Wurken Der Geitzhals auf der Insel Silt. Ein Schauspiel in vier Aufzügen. Flensburg, 1809 Nahrung für Leselust in Nordfriesischer Sprache. I. Der Geizhals oder der Silter Petritag. Zweite Ausgabe. II. Der glückliche Steuermann. Ein Enkel des Geizhalses. III. Lieder, und andere Kleinigkeiten, zur schuldlosen gesellschaftlichen Unterhaltung. Zweite vermehrte Ausgabe, von J. P. Hansen, vormals Seefahrer, jetzt Küster und Dannebrogsmann in Keitum auf Silt. Sonderburg, 1833

Keppeling om utens www.nordfriesland-datenbank.de

Kategory:Dútsk toanielskriuwer Kategory:Dútsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Dútsk dichter Kategory:Dútsk seeman Kategory:Noardfrysk skriuwer Kategory:Noardfrysk dichter Kategory:Noardfrysk seeman Kategory:Skriuwer yn it Noardfrysk Kategory:Persoan berne yn 1767 Kategory:Persoan stoarn yn 1855