Oudkarspel (Aldkarspel) is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Dyk en Waard. Aldkarspel hat () ynwenners.

Skiednis Aldkarspel is ûnderdiel fan 'e 'doarpsstêd' Langedyk, dy't yn 1415 stedsrjochten krige. Aldkarspel wie fan 1810 oant 1941 in selsstannige gemeente en is it noardlikste doarp fan 'e eardere gemeente Langedyk.

It plak ûntstie as delsetting tusken 950 en 1000. Yn dy tiid lei it benoarden in sompich gebiet mei wâlden. Súdlik fan dat gebiet lei doe noch it doarp Vronen, dêr't no Sint Pancras leit. De plaknamme ferskynt yn 1094 as Aldenkercha en yn 1289 as Outkerspel, yn 1396 as Oudekerpsel en yn 1745 as Oudt Carspel. De âldste foarm tsjut der op dat it plak by de âlde tsjerke leit. De plaknamme ûntstie nei alle gedachten nei't de dyk, de Langedyk neamd, oanlein waard en dêr nije delsettings mei tsjerken ûntstienen. De lettere foarm fan 'e namme betsjut it âlde tsjerkedoarp.

De oarloch fan 'e Bataafske Revolúsje/Frânsk-Bataafske tiid soarge foar in soad skea yn Aldkarspel. Sa waard bygelyks it kastiel fan 'e ambachtshear stikken sketten. Yn 1799 waard by gefjochten tusken Frânsen en Britten by de Ingelske ynvaazje it rjochtshûs ferneatige, wêrby't de Britten help krigen fan 'e Russen. Yn 1808 waard it rjochtshûs werboud yn syn hjoeddeiske oansjen. It is no in museum en de sit fan 'e stifting Langediker Ferlien. It ferneatige rjochtshûs wie lykwols net it oarspronklike rjochtshûs; dat datearre út 1618 en waard yn 1714 ferfongen troch in oar gebou. thumb|left|De Allemanstsjerke. Fan 'e doarpstsjerke, de Allemanstsjerke of de Alde Sint-Martentsjerke, datearje de âldste dielen út de 11e iuw. De tsjerke waard yn 1868 yngreven restaurearre, mar yn 1969 ferneatige in grutte brân it gebou. Yn 1970 is de tsjerke werboud mei û.o. de help fan 'e hiele doarpsmienskip. Dêrfandinne stiet de tsjerke hjoed-de-dei ek bekend as Allemanstsjerke. De eardere neogoatyske spits fan 'e tsjerke waard net werboud om't Monumintesoarch easke dat it tsjerkegebou werom brocht wurde moast nei de sitewaasje sa't de tsjerke der foar de 19e-iuwske restauraasje útseach. De tsjerke hie doe gjin spits mear. Dy wie yn 1621 ferlern gien by in bliksemynslach.

Berne Klaas Boot sr. (1897-1969), turner Laurens Bogtman (1900-1969), baritonskonger Wim Kos (1904-1930), reedrider Jan Langedijk (1910-1981), reedrider Rie Kooyman (1910-1984), grafikus, akwarellist, yllustrator, skilder en boekebândûntwurper Marijke Hoving (1925-2025), aktrise Ronald Schröer (1984), atleet Daphne van Domselaar (2000), fuotbalkeeper

Keppeling om utens Hart van Oudkarspel.

Kategory:Plak yn Dyk en Waard Kategory:Eardere gemeente yn Noard-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1941