De Marije Wûndermemkapel of Us Leaffrouwe fan Gaarsweide is in kapel yn it Noard-Brabânske plak Elshout yn 'e gemeente Heusden. De kapel stiet oan 'e Kapelstrjitte 45A tusken de lintbebouwing westlik fan it doarp. De kapel is opdroegen oan Marije, de mem fan Jezus. It orizjinele genedebyld stiet yn 'e Sint-Jan de Evangelist, yn de kapel stiet in replika.
Skiednis thumb|left|Ynterieur. De kapel giet werom op in Marijeferskining yn 'e 12e iuw. Neffens de oerlevering soe in flaaks siedzjende boer toarst krige ha wylst er neat te drinken by him hie. In ûnbekende frou kaam him doe yn 'e mjitte en bea him wetter út in sleat oan. Dat wetter smakke him sa goed, sa't er dat nea earder preaun hie. Wylst hy dronk fielde er de leafde foar Marije groeien. Hy ûnthiet har om in kapel foar har te bouwen as it flaaks ryp wie. De oare deis wie dat al sa fier en lykas er ûnthjitten hie, boude de boer de kapel mei dêryn in byldsje fan Marije.
Yn 1285 waard der tynge dien fan twa kapellen en dêrûnder dy oan 'e Gaasweide.
Yn 1964 waard de âlde neogoatyske kapel ferfongen troch in oare kapel, dy't sûnt 1 juny 2021 fernijd en fergrutte waard. De parochy wist foar dat doel 85.000 op it aljemint te krijen. Op 1 maaie 2022 waard de fernijde Marijekapel offisjeel iepene.
Ofbylden
Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Beafeartstsjerke Kategory:Bouwurk yn Heusden (gemeente) Kategory:bouwurk út 2022