De Allemanstsjerke of de Alde Sint-Martenstsjerke is in protestantsk tsjerkegebou oan 'e Doarpsstrjitte 878 yn it Noard-Hollânske doarp Aldkarspel. Oant de reformaasje yn 1574 wie de tsjerke wijd oan Martinus fan Tours.
Skiednis Der bestiet gjin krekte datum fan 'e bou fan 'e tsjerke. Yn 'e 12e iuw waard in romaanske toer mei tsjerke boud. Yn 'e 14e iuw folge de bou fan nije tsjerke. It koer en it pseudobasilikale middenskip datearje út de 15e iuw. De tsjerketoer is âlder en datearert út de 12e of 13e iuw.
thumb|left|Tsjerke foar de brân. Yn 1621 rekke de tsjerketoer by in ynslach fan 'e bliksem syn spits kwyt. Yn 'e jierren 1860 fûn der in yngreven restauraasje en ferbouwing fan 'e tsjerke en toer plak. Doe krige de toer syn spits werom en waarden it tek fan it koer en it skip op 'e selde hichte brocht. Der kamen nije banken by, sadat tenei alle gemeenteleden in sitplak hiene en tusken it koer en it skip, dêr't earder al in houten wand wie, waard in oargelkreake boud foar in nij oargel fan 'e bruorren Adema út Ljouwert en op it stuit doe't it oargel oplevere waard, wie dat it grutste doarpsoargel fan Nederlân.
By wurk oan 'e bliksemôflieder fan 'e krusingstoer ûntstie yn 'e middei fan 9 juny 1969 by hurde wyn oan 'e noardlike kant fan 'e kape brân. It fjoer grypte gau om him hinne en al nei trijefearnsoere stoarte it ferwulft yn. Noch krekt op 'e tiid koe it 18e-iuwske nachtmielsreau, de kânselbibel en de lessener út de tsjerke helle wurde, mar foar de rest gie alles ferlern, sa ek it grutte Adema-oargel en de klok út 1638. Allinnich de muorren fan 'e tsjerke bleaune stean.
De tsjerke wie fersekere en mei help fan subsydzjes fan Monumintesoarch, de provinsje en de doetiidske gemeente Langedyk koe de tsjerke werboud wurde. Dêrby stelde Monumintesoarch de eask dat de spits net werboud wurde mocht en tsjerke en toer werom brocht wurde moast nei de sitewaasje fan foar 1867. De werbou fan 'e tsjerke wie yn 1975 foltôge en is útfierd troch it restauraasjebedriuw fan Yde Schakel út Eksmoarre. Ien fan 'e belangrykste feroaringen wie it ferhege koer. Dêrmei waard it by de 19e-iuwske restauraasje op 'e selde hichte bringen fan it skip mei it koer werom draaid. De âlde sarken fan 'e tsjerke krigen yn it koer in nij plak. Dêrnjonken krigen fiif ramen nije brânskildere glêzen. De oargelkreake waard net wersteld, mar it rekonstruearre oargel krige in plak efter yn it koer, wylst de nije preekstoel op 'e skieding fan it koer en skip in plak krige. Foar de ferljochting krige de tsjerke fan in famylje nije kroanluchters skonken. Ynstee fan banken kamen der stuollen. De nije yndieling fan it ynterieur makke ek in multyfunksjoneler gebrûk mooglik. De tsjerke waard op 15 septimber 1972 wer offisjeel iepene en yn 1975 wie ek de restauraasje fan 'e toer foltôge. It metaal fan 'e âlde klok út 1638 waard brûkt om in nije klok te jitten, dy't itselde râneskrift krige as de âlde klok.
Mei't lossittende stiennen yn 2008 delfoelen, moast de toer yn 2009 nochris restaurearre wurde. De toer kin beklommen wurde.
Under it heechkoer leit in krypt. Fan 'e krypt is lykwols troch de 19e iuwske ferbouwing en de brân net in soad bewarre bleaun. De krypt is net tagonklik foar publyk.
Oargel thumb|left|Oargel. It oargel dat hjoed-de-dei yn 'e tsjerke stiet is in rekonstruksje fan it Adema-oargel fan foar de brân. It hat 33 registers op twa manualen en pedaal. It oarspronlike oargel hie twa registers minder. De traktuer is elektrysk.
Brânskildere ramen thumb|260px|Ynterieur. Fiif brânskildere ramen datearje fan fuort nei de brân en de restauraasje yn 'e jierren 1969-1972. Twa ramen binne letter set yn 'e tiid fan tarieding ta it fúzjeproses fan grifformearden en herfoarmen en dêrnei binne noch twa ramen set mei de tema's kryst en pinkster.
Keppeling om utens Oargelsite: Disposysje Adema-oargel.
Kategory:Bouwurk yn Dyk en Waard Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Hollân Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Hollân Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân