De bûnte kwarteldo (Geophaps scripta) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e dowen. De do is in endemyske soarte yn Austraalje.

Beskriuwing Bûnte kwarteldowen binne frij grutte dowen mei in dúdlike swart-wite tekening op it gesicht en in wite streek oan 'e kant fan 'e búk oant it skouder. De ûnderwjukken binne bleekwyt.

Fersprieding De soarte libbet op 'e savanne's fan it noardeasten fan Austraalje. Hy komt foar yn 'e drûge dielen fan eastlik Queensland, dêr't er folle seldsumer is yn it suden as yn it noarden. Se wurde faak op 'e grûn sjoen, lykas oan 'e kant fan in sânwei.

Bûnte kwarteldowen wurde yn twa ûndersoarten ferdield.

Geophaps scripta peninsulae: noardeastlik Queensland. Geophaps scripta scripta: fan sintraal Queensland oant noardeastlik New South Wales.

Status Tocht wurdt dat de populaasje troch it ferlies oan geskikt leefgebiet tebek rint yn oantallen. De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list klassifisearre as net bedrige (LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kwarteldo Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje