Kramer vs. Kramer (útspr. as "Kramer versus Kramer") is in Amerikaanske dramafilm en foar in diel in rjochtbankdrama út 1979. De film stie ûnder rezjy fan Robert Benton, en de haadrollen waarden fertolke troch Dustin Hoffman, Justin Henry en Meryl Streep. De titel betsjut "Kramer tsjin Kramer"; it wurd versus is juridysk jargon en tsjut derop dat it om 'e namme fan in rjochtsaak giet. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Avery Corman.

It ferhaal giet oer de workaholic Ted Kramer, dy't allinnich foar de opfieding fan syn jonge soan komt te stean as syn frou Joanna him ferlit en in skieding oanfreget. Stadichoan ûntjout Ted him ta in bettere heit, mar syn nije ferantwurdlikheid hat in negatyf effekt op syn karriêre. De film berikt in hichtepunt wannear't Joanna nei mear as in jier weromkomt en in rjochtsaak oanspant om 'e fâdij oer har soan te bemachtigjen.

Dêrmei roert de film tema's oan dy doedestiden maatskiplik yn opkomst wiene, lykas geslachtsrollen, heiterjochten, wurk-privee-balâns en allinnichsteand âlderskip. Kramer vs. Kramer krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wûn fiif Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) en fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm). Yn 'e bioskopen wie Kramer vs. Kramer ek in grut kommersjeel súkses en de film ûntjoech him yn Noard-Amearika sels ta de meast opbringende film fan it jier.

Plot Ted Kramer, in workaholic dy't by in reklameburo yn New York wurket, hat krekt in promoasje en in wichtige nije klant krigen, de loftfeartmaatskippij Mid-Atlantic Airlines. As er jûns let thúskomt en syn frou Joanna it goede nijs fertelle wol, seit sy lykwols tsjin him dat se besletten hat om by him wei te gean. Hoewol't harren achtjierrich houlik sa syn swierrichheden hân hat, seach Ted dat net oankommen. Hy is skokt en lulk en besiket Joanna fysyk tsjin te hâlden as se de doar út rinne wol. Mar úteinlings kriget er foar it ferstân dat it har mienen is. Hy kin net oars as har gean litte as er har net mei geweld oermasterje en finzen hâlde wol.

Billy, de sânjierrige soan fan Ted en Joanna, bliuwt by syn heit efter, om't Joanna psychysk sa mei harsels yn 'e knoop sit, dat se fynt dat se gjin goede mem wêze kin en dat Billy dêrom better ôf is by Ted. De oare moarns, wannear't Billy fan bêd ôf komt en witte wol wêr't syn mem is, leit Ted út dat mem in skoftke fuortgien is om allinnich te wêzen, sa't eltsenien wolris eefkes allinnich wêze wol.

No't de soarch foar Billy op Ted allinnich delkomt, brekt it him op dat er him earder eins nea net folle mei de opfieding fan it jonkje bemuoid hat. Dy earste deis bringt er Billy nei skoalle en moat dan freegje yn hokker klasse oft er eins sit. Om't er al hast te let is foar syn wurk, lit er de jonge by de doar fan 'e skoalle efter op 'e noed fan 'e mem fan in willekeurige oare learling, dy't krekt nei bûten ta komt. Op it reklameburo luchtet Ted syn hert by syn baas en freon Jim O'Connor. Dy hat lykwols hielendal gjin ynteresse yn it priveelibben fan Ted en sit inkeld yn noed oer hoe't de ein fan Ted syn houlik ynfloed hawwe sil it wurk fan Ted foar Mid-Atlantic Airlines.

Yn 't earstoan wrakselje Ted en Billy om harren oan te passen oan 'e nije sitewaasje. Billy mist syn mem en Ted moat no de opfieding fan Billy en de húshâlding derby dwaan. Dat liet er foarhinne allegearre oan Joanna oer, sadat hy him útslutend op syn wurk talizze koe. Yn 'e jûnsoeren en de wykeinen koed er dan eefkes de leuke heit spylje foar Billy. Njonkelytsen bouwe Ted en Billy in nije rûtine op sûnder Joanna, mar Ted syn wurk hat te lijen ûnder alle oare dingen dêr't er him no ek mei dwaande hâlde moat.

Op in jûn is Billy klierich en ferpoft er it syn iten op te iten. Ynstee sit er ta it iis dat bedoeld is as neigesetsje wylst Ted him dat ferskate kearen útdruklik ferbean hat. De krisis berikt in hichtepunt as Ted it jonkje dêrnei sûnder iten op bêd bringt. Billy ropt dat er Ted hatet en dat er syn mem werom hawwe wol en Ted snaut him ta: "Silst it mei my dwaan moatte, lyts stik ûngelok datst biste!" Neitiid nimt Ted in pear glêzen sterke drank. Letter dy jûn, as er op bêd sil, sjocht er noch even by Billy, dy't wekker wurdt en opbychtet dat er mient dat syn mem fuortgien is om wat dat hy dien hat. Ted bewissiget him derfan dat it neat mei him te krijen hie en dat Joanna fuortgien is om't se ûngelokkich wie yn har houlik.

Underwilens is Ted goed befreone rekke mei syn skieden ûnderbuorfrou Margaret Phelps, dy't earder in freondinne fan Joanna wie. Op in middei yn it wykein geane se mei Billy en Margaret har beide dochterkes nei de boarterstún, dêr't Billy troch eigen skuld in ûngelok kriget en fan it klimrek falt. De hiele sydkant fan syn foarholle leit iepen en Ted draaft mei it jonkje yn 'e earms alhiel nei it sikehûs ta, dêr't er Billy fêsthâldt wylst dy tsien hechtings fuortby syn each kriget.

Fyftjin moanne nei't se ôfset is, skillet Joanna op en freget Ted om har te moetsjen yn in restaurant. Dêr fertelt se him dat se in skoft yn Los Angeles wenne hat, dêr't se ûnder begelieding fan in psychoterapeut wer mei harsels yn it reine kommen is. Se is no al in fearnsjier werom yn New York en hat har libben wer op 'e rails. Sadwaande is se no klear om 'e opfieding fan Billy wer op har te nimmen en oft Ted it jonkje mar even oerdrage wol. Ted wurdt poerrazen, slacht in glês wyn stikken tsjin 'e muorre oan en skonket fuort. Hy nimt fuortendaliks kontakt op mei de abbekaat John Shaughnessy, dy't spesjalisearre is yn skiedings- en fâdijsaken. Dyselde warskôget Ted dat de rjochter by sokke jonge bern as Billy de fâdij ornaris tawiist oan 'e mem.

Lykas ferwachte spant Joanna in rjochtsaak tsjin Ted oan (Kramer fersus Kramer) om 'e fâdij oer Billy te bemachtigjen. Der wurdt in datum prikt yn begjin jannewaris. In pear dagen foar de kryst kriget Ted fan Jim O'Connor te hearren dat er ûntslein wurdt om't de bazen fan Mid-Atlantic Airlines ûntefreden oer him binne. Ted hat nammentlik ferskate wichtige gearkomsten mist, ien kear om't it dy jûns âlderjûn op Billy syn skoalle wie en in oare kear om't Billy dy deis siik wie. Ted beskôget dat as ferrie fan Jim en harren freonskip einiget tagelyk mei harren wurkrelaasje. Shaughnessy warskôget Ted dat er gjin skyn fan kâns hat om 'e fâdij oer Billy te winnen as er wurkleas is. Ted bewissiget him derfan dat er dyselde deis, krystjûn, noch in nije baan fine sil. Hy sollisitearret de hiele dei op fakatueres by reklameburo's en wit op 'e jûn, wylst der om him hinne al in bedriuwsfeestje yn it ramt fan 'e kryst geande is, noch in nije baan foar in legere funksje te bemachtigjen troch akkoart te gean mei in efterútgong yn salaris fan $5.000 yn 't jier.

Op 'e harksitting foar de fâdijsaak seit Joanna dat se psychysk fan it paad rekke trochdat se har selsrespekt ferlear doe't se har karriêre opjoech om húsfrou te wurden. Mar no't se help socht hat, is se wer in "folsleine persoan" wurden. Hja is fan miening dat Billy mear ferlet hat fan in mem as fan in heit. Shaughnessy ûnderstiet har deroer oft Ted har ea op lykfol hokker manear ek mishannele hat of tenei kommen is, en Joanna jout grif ta dat soks nea bard is. It stânpunt fan Ted is dat hy yn 'e lêste fyftjin moanne sjen litten hat dat er wol deeglik prima foar Billy soargje kin en dat it ûntskuorren fan Billy oan syn soarch it jonkje "net wer goed te meitsjen psychyske skea" tabringe soe.

De juridyske striid wurdt ferfelend as de abbekaten fan beide partijen har taflecht nimme ta karaktermoard. Shaughnessy makket Joanna oan it gûlen troch har te twingen en jou ta dat it mislearjen fan har houlik foar in part oan harsels lei. Ted moat ek tajaan dat er flaters makke hat as man en heit. Mar Joanna har abbekaat brûkt Ted syn ûntslach en it ûngelok fan Billy mei it klimrek om oan te toanen dat Ted net geskikt is as heit en opfieder. Margaret Phelps tsjûget foar Ted. Wylst se noch ûnder de eed stiet, keart se har ta Joanna en smeekt har om yn te sjen dat Ted him ûntjûn hat ta in geweldige heit.

In stikmannich dagen letter docht lykwols bliken dat de rjochter besletten hat de fâdij oan Joanna ta te wizen. Ted wol yn heger berop gean tsjin dy útspraak, mar Shaughnessy warskôget him dat Billy dan sels tsjûgje moatte sil. Dat wol Ted it jonkje net oandwaan, dat hy beslút him by de sitewaasje del te lizzen. Oan Billy leit er út dat dy no by syn mem komt te wenjen, hoewol't hy en Billy elts twadde wykein en de helte fan 'e skoalfakânsjes noch mei-inoar trochbringe sille. Op 'e moarn dat Joanna it jonkje ophelje sil, freget se Ted fia de intercom fan syn appartemintekompleks om har ûnder fjouwer eagen yn 'e lobby te moetsjen. Wannear't Ted by har komt, fertelt se him yn triennen dat se besletten hat dat Billy by him bliuwe moat, om't se de jonge syn thús net ûntnimme wol. Ted is de wrâld te ryk. Hy stelt foar dat hysels yn 'e lobby wachtsje sil wylst Joanna nei syn appartemint ta giet om Billy út 'e lizzen dat syn ferhuzing net trochgiet. Joanna, dy't him dêr tankber foar is, nimt de lift nei boppen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Ted Kramer Dustin Hoffman Billy Kramer Justin Henry Joanna Stern Kramer Meryl Streep

byrollen personaazje                           akteur/aktrise Margaret Phelps Jane Alexander Jim O'Connor George Coe John Shaughnessy Howard Duff abbekaat fan Joanna Bill Moor rjochter Atkins Howland Chamberlain Phyllis Bernard JoBeth Williams sekretaresse fan Ted Shelby Brammer Spencer Jack Ramage Ackerman Jess Osuna griffier Dan Tyra

Produksje en distribúsje Produksje Kramer vs. Kramer waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Avery Corman út 1977. It ferhaal út dat boek kaam sawol filmprodusint Stanley R. Jaffe as senarioskriuwer Robert Benton sa op it moed, dat se it ferfilmje woene. Jaffe kocht de filmrjochten op 'e roman oan en Benton skreau it skript, wêrby't er fan it begjin ôf oan al akteur Dustin Hoffman yn gedachten hie foar de rol fan Ted Kramer. It wie oarspronklik de bedoeling dat de Frânske filmmakker fan namme François Truffaut de rezjy op him nimme soe, mar dy wie te drok mei oare projekten. Syn suggestje dat Benton Kramer vs. Kramer sels wol regissearje koe, waard troch Jaffe oannommen.

As produsint wie behalven Jaffe ek Richard Fischoff by it projekt belutsen foar Jaffe's eigen filmproduksjemaatskippij Stanley Jaffe Productions. Foar Kramer vs. Kramer wie in budget beskikber fan $8 miljoen. De finansiering fan 'e film kaam fierhinne fan 'e grutte filmstudio Columbia Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Néstor Almendros, in nauwe meiwurker fan Truffaut, dy't al oannommen wie doe't it noch liek as soe Truffaut de film sels regissearje. Foar de soundtrack fan Kramer vs. Kramer waard muzyk brûkt fan Paul Gemignani, Herb Harris, John Kander, Erma E. Levin, Roy B. Yokelson en Antonio Vivaldi.

Casting Produsint Jaffe en senarioskriuwer anneks regisseur Benton woene eins inkeld akteur Dustin Hoffman hawwe foar de haadrol fan Ted Kramer. Mar Hoffman, dy't op dat stuit sels yn skieding lei, hie te kampen mei in depresje en sloech harren oanbod ôf. Hy wie syn nocht oan it meitsjen fan films kwytrekke en woe him eins mear talizze op toanielspyljen (d.w.s. yn it teäter). Jaffe en Benton joegen it net oer, mar setten útein mei in kampanje fan wat wol omskreaun wurde kin as 'hofmakkerij'.