Mûne I is ien fan 'e trije standermûnen op 'e bolwurken fan it Noard-Brabânske fêstingsstedsje Heusden.

Skiednis De mûne waard yn 1971 boud en stiet op it plak, dêr't iuwen lyn ek in standermûne op it mûnebolwurk by de stedshaven stien hat. By de bou waard it materiaal fan in âlde standermûne út Lommel yn Belgje brûkt. Begjin 1972 waard de mûne foltôge en op 22 maart dat jier iepene de doetiidske steatssekretaris Henk Vonhoff de mûne as earste fan 'e trije mûnen dy't doe boud binne.

Mûne I stiet by de dûbele flapbrêge oer de stedshaven. Dy haven waard tichtsmiten doe't de Maas yn 1904 in oare rin krige, mar waard yn 1968 wer rekonstruearre.

Tichteby stiet likernôch 100 m noardlik de standermûne II. Mûne III stiet wat fierder fuort.

De mûne mealt net mear, mar draait wol regelmjittich. As er draait, meastentiids op sneon of snein, kin de mûne besocht wurde.

Ofbylden

Keppeling om utens Mûnedatabase Feriening De Hollânske Mûne

Kategory:Heusden Kategory:Bouwurk yn Heusden (gemeente) Kategory:Nôtmole Kategory:Standermole Kategory:Bouwurk út 1971 Kategory:Mole yn Noard-Brabân