De Marañón is ien fan 'e wichtichste rivieren yn Súd-Amearika en wurdt faak beskôge as ien fan 'e haadboarnen fan de Amazône. De rivier ûntstiet troch it gearrinnen fan 'e Río Lauricocha en de Río Nupe. Dy twa rivieren komme gear by Rondos, yn 'e regio Huánuco, en dêr begjint de rivier offisjeel de namme Marañón te dragen. Basearre op dy lokaasje is de rivier 1.600 km lang. De Marañón streamt noardeastlik en komt gear mei de Ucayali yn 'e buert fan de stêd Nauta, likernôch 100 kilometer súdwestlik fan Iquitos. Op it stuit dat de twa rivieren yn noardeastlik Perû gearrinne foarmje se de Amazône.

De rivier rint troch in ferskaat oan lânskippen: thumb|left|De Marañón westlik fan Santa Maria de Nieva (Condorcanqui). de Hege Andes mei djippe ravinen en steile bergen. de Perûaanske Amazône (Amazonía del Perú): mei bosken en savanne's. it tropysk reinwâld yn it Amazônebekken.

De rivier streamt lâns ferskate doarpen en lytse stedsjes, mar der binne gjin grutte stêden.

De boppestream (yn 'e Andes) is min te befarren fanwegen de streamfersnelling en ravinen. De legere dielen fan 'e river, fral nei't de rivier de flakten fan it Amazônebekken ynrint, binne goed te befarren. Yn it legere part wurdt de rivier brûkt foar ferfier fan minsken en guod, fral troch lytse boaten. Grutte frachtskippen wurde mear brûkt yn it gebiet nei Iquitos ta.

Nijgjirrichheden De Marañón Canyon is ien fan 'e djipste yn Súd-Amearika en wurdt faak fergelikene mei de Grand Canyon yn 'e Feriene Steaten. De rivier wurdt troch guon wittenskippers beskôge as de echte boarne fan de Amazône. Hjoed-de-dei wurdt de rivier op in protte plakken brûkt foar toerisme (raftsje, ekspedysjes). Der hat ynternasjonale kontroverse west oer it bouwen fan wetterkrêftsintrales yn 'e Marañón, om't dy it miljeu en de lânseigen mienskippen bedrige soene.

Kategory:Rivier yn Perû